Diel dit berjocht

Keatswike Frjentsjer

De Keatswike Frjentsjer stiet wer foar de doar. Tusken 18 en 25 maaie is der in grut ferskaat oan keatswedstriden. It begjint op sneon 18 maaie mei it Juwelier Kramer NK junioaren dat better bekend is ûnder de namme Jong Nederland Partij. Nei de Jong Nederlân folget twa dagen letter op Pinkstermoandei 20 maaie de Bûnspartij, it Speedbooks NK Senioren.

Woansdei 22 maaie is de jeugd oan bar op it Sjûkelân as de finale-omloop fan it Provinsjaal kampioenskip skoalkeatsen holden wurdt.
De Keatswike Frjentsjer wurdt op sneon 25 maaie ôfsletten mei de Zachte Bal PC. In wike lang keatse yn Frjentsjer ûnder de sammelnamme Heedaar!
Opnij in grutte fariaasje oan keatswedstriden, fan jeugd oant senioaren, fan hurde bal nei sêfte bal en dat allegearre fergees.

Foto: Anne Waterlander

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter