Alden socht foar ûndersyk nei taaloerdracht by jonge bern yn Fryslân

Foar ûndersyk nei taaloerdracht yn ’e opfieding binne Afûk en it Mercator Europeesk Kennissintrum foar Meartaligens en Taallearen (ûnderdiel fan de Fryske Akademy) op ’e siik nei oansteande âlden en âlden mei jonge bern yn Fryslân.

Mei in fragelist wolle dy ynstellingen mear te witten komme oer hoe’t it is om in âlder yn Fryslân te wêzen, mar ek hokfoar stipe âlden graach krije wolle soene wat taal oanbelanget. Bysûnder oan it projekt is dat der sjoen wurdt nei sawol âlden dy’t besletten hawwe om oan harren bern it Frysk troch te jaan as nei âlden dy’t besletten hawwe om dat nét te dwaan.

Parallel oan it projekt oer Fryske taaloerdracht tusken generaasjes yn Nederlân wurket it European Centre for Minority Issues yn Flensburg wurke oan sa’n ûndersyk nei de Noard-Fryske taaloerdracht yn Dútslân.

Foto: pixabay.com

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter