As of of? Of as as?

It lytse wurdsje as is wat gebrûk en betsjutting oanbelanget tige oerbelêstige. Men kin der in soad kanten mei op. Bygelyks:

  • As ik him wie, … (yn it gefal dat);
  • as minske, as sadanich (yn dy funksje);
  • as ik thúskom (bywannear’t);
  • sa wyt as … (lykas); grutter as … (ferskil (Hollânsk dan));
  • hoe moai as it is (oft);
  • sawol heit as mem (beide);
  • in stik as fiif (likernôch);
  • grut as lyts (of).

Al mei al in multyfunksjoneel wurd. Soks kin lykwols ta betizing liede. Sa is bygelyks net hielendal dúdlik wat bedoeld waard mei de sin yn in ynstjoerd krantestikje: “Hjir yn Harns praat ik faak Frysk, mar ek Stedsfrysk as Nederlânsk.” Sawol Frysk as Stedsfrysk wurde beskôge as Nederlânske talen. As sadanich brûkt de ynstjoerder Frysk en Stedsfrysk, hie ik tocht. Mar wurdt dat wol bedoeld? As yn de opsomming Frysk, Stedsfrysk as Nederlânsk it wurd as ferfongen wurdt troch of, stiet der hiel wat oars. Dan giet it om trije talen.

Yn de praktyk sil de kontekst meastal wol oanjaan hoe’t it wurd as bedoeld is (as as, of as of, foar de dúdlikens) mar it bliuwt oppassen. Drinkt dy man jenever as wetter? Der binne twa mooglikheden: Ja, dat is in grutte alkoholist, of/as It is sa net te sjen wat der yn syn gleske sit. Yn de sprektaal is der net folle kâns op misbegryp: de yntonaasje yn de fraach “drinkt er jenever as wetter?” sil fuort bliken út dwaan wat bedoeld wurdt. It lytse as sil it net oan lizze, mar der binne wol assen en marren.

Ed Knotter

2 Reaksjes

    1. ja, dat tink ik wol, Wim.
      Ik brûk ‘of’ yn it Frysk op deselde wize as yn it Hollânsk. It is wat apart dat ‘as’ yn it Frysk sa faak foar ‘of’ yn ‘t plak komt.
      Ed

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter