‘Bern op ’e romte’ kriget twadde printinge

De bondel Bern op ’e romte fan âld-ierdrykskundelearaar en waarman Klaas Ybema fan Warkum wurdt wer printe. It boek, dêr’t de auteur ferhalen yn fertelt oer syn jeugdjierren op in eartiids isolearre pleats ûnder Wytmarsum, wie om de jierwiksel hinne útferkocht. De earste printinge besloech fiifhûndert eksimplaren.

De ferhalen spylje har ôf yn de sechstiger jierren fan de tweintichste iuw, doe’t noch net alle pleatsen fan elektrisiteit, rioelearring en streamend wetter foarsjoen wiene. Sintraal stiet hoe’t in jonge fan in jier of tsien út in grifformeard miljeu dy tiid en omstannichheden belibbe. De ferhalen wurde ‘tige werkenber’ en ‘noflik te lêzen’ neamd.

Utjouwerij DeRyp hat dan ek miend dat in twadde printinge rjochtfeardige wie, dat meikoarten is de bondel wer folop te krijen by de boekhannel of te bestellen fia de webside fan de útjouwer.

Ofbylding: boarne Utjouwerij DeRyp

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter