Finale FeRstival 2026

Wa wint dit jier de grutste foardrachtkriich fan Fryslân? Komsto te sjen? Wês wolkom, gratis en fergees en genietsje fan sprutsen wurd yn it Frysk!

De heale finales fan FeRstival wiene op 28 novimber 2025 yn Iduna Drachten, deselde deis by CSG Bogerman yn Snits en op 12 desimber 2025 yn Teäter De Bres yn Ljouwert.

De finale is op sneon 31 jannewaris fan 13.30 oere ôf yn Stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Yn it skoft treedt Pieter op, dy’t de besikers mei syn eigen wurdkeunst fermeitsje sil en harren miskien ek wol oan it wurk set…

Publyk is fan herte wolkom. Nim dyn dosint, famylje en freonen mei! Klik hjir foar mear ynformaasje en de gedichten.

Foto: FeRstival 2023 (fotograaf: Piet Douma/PDF-grafie)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter