Hy seit nee, mar tinkt fan wol

Jierren lyn kaam in Afûk-kollega, in betûft lesjouwer, mei de fraach wêrom’t wy yn it Frysk sizze: ‘Hy hjit fan Klaas’. Wêrom wurdt dêr fan ynfoege? ‘Hy hjit Klaas’ is dochs dúdlik genôch? Dêr wisten wy gjin antwurd op.

De fraach is lizzen bleaun, mar fannijs wol ik der noch ris nei sjen, foar de rykdom fan it Frysk (!) en myn betinken sizze. Op side 274 fan Popkema syn net te oertreffen Grammatica Fries giet it oer ‘Specificerend complement’. Dat liket dreech, mar it giet derom dat by guon tiidwurden in spesifikaasje heart fan wat it tiidwurd bedoelt. Hjitte (hite) is sa’n tiidwurd: ‘hy hjit … ’ freget om in namme (de spesifikaasje), oars witte wy noch neat. Yn in koarte opmerking wurdt ús ferdútst dat ‘facultatief het lege, betekenisloze voorzetsel fan erbij gebruikt kan worden’. Mei dy opmerking witte we noch net wêr’t dy wize fan sizzen weikomt.
Dat fan mei dan leech en betsjuttingsleas lykje, it drukt nei myn betinken wol wat út. Sûnder fan wurdt planút de namme Klaas neamd, syn namme. Mar as we fan ynfoegje, wurdt nei wat algemieners ferwiisd, nammentlik nei de namme Klaas yn it algemien. Hy heart dêrmei, sa kinne wy ús dat foarstelle, ta al dyjingen mei de namme Klaas. Of oars sein: hy wurdt yndield by de groep fan Klazen.

As sein wurdt ‘Hy hjit Klaasz mei sz’, (en stel dat soks unyk is), dan soe fan net kinne. It neamen fan de namme sûnder fan hat ek wat direkts en dat bringt my de direkte en yndirekte rede yn ’t sin. In letterlik sitaat, of in omskriuwing fan de ynhâld. Sjogge we dat ek net yn in sin lykas ‘Hy seit fan net’? Hy ûntstriidt dus wat, mar wy witte net mei hokfoar wurden oft er dat docht. Dêr is de direkte rede foar nedich. Hy soe sizze kinne: ‘Nee, ik tink dêr oars oer.’ De fraach oft er it dermei iens is, kin (yndirekt) beantwurde wurde mei: ‘Hy seit fan net.’ en direkt mei ‘Nee.’
Is dit in dreech taalpraatsje? Ik tink fan wol, mar it toant oan wat men net allegear yn jin omgean litte kin as it om taal en om betsjutting giet. Oant safier myn prakkesaasjes; echte taalkundigen moatte har mar oppenearje as it oars is.

Ed Knotter

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter