As ien in oarenien wat opdraacht of oanriedt kin er (of se) dat bygelyks sa dwaan: “Jo moatte earst …” en dan folget de opdracht of it advys. As se inoar goed kenne of as de iene boppe de oare stiet, dan wurdt it: “Do moatst earst …” of koarter”: “Moatst earst …”. As soks om taalsaken giet (mar yn oare gefallen soms likegoed), wol de oansprutsene noch wolris dwers reagearje mei “Ik moat neat”, omdat er him net wat hjitte litte wol. Oft dat derop troch kin, sille we fierderop sjen, mar ik wol it no earst efkes oer it tiidwurd moatte sels hawwe.
Yn it niisneamde ‘moatst’ hearre we de earste t net. Yn sprutsen taal is it weilitten fan in letter meastal gjin beswier, mar krekt by de bûging fan moatte wol. By ‘moast it daliks dwaan’ hearre we oan de yntonaasje oft it om in opdracht foar nó giet of om in fraach nei wat al foarby is. Yn skreaune taal sjogge we it oan óf in útropteken óf in fraachteken. Dy iene t makket it ferskil út tusken notiid of doetiid. Yn de notiid moatte (ja, wier) we moatst skriuwe, want it is in gefal fan stam + t. Wa’t dat net wol, omdat dy t dochs net te hearren is, soe mei itselde argumint ‘do wost’ yn stee fan ‘do wolst’ skriuwe kinne. Sokke elemintêre taalregels moatte we hanthavenje.
Dat leit oars yn it gefal fan it wol of net brûken fan om as bynwurd foar in bysin. Hokker fan de ûndersteande sintsjes is goed?
- Wy hawwe ôfpraat moarn yntiids fuort te riden.
- Wy hawwe ôfpraat om moarn yntiids fuort te riden.
It antwurd is dat de earste sin net perfoarst ferkeard is, mar dat de twadde de foarkar hat. Mei om deryn rinne sinnen hast altyd better. Dêrom is it oan te rieden om dat bynwurd wol it brûken as it sokssawat as ‘mei as doel’ betsjut. Us taalgefoel jout wol oan wêr’t it net kin. Elkenien fielt wol oan dat om yn de sin ‘Ik hie it gefoel om net wolkom te wêzen’ net thúsheart. Dan is ‘ik hie it gefoel net wolkom te wêzen’ better; in oare oplossing: ‘ik hie it gefoel dat ik net wolkom wie.’
Der binne yn skreaune taal ek gefallen dat it sûnder om net kin (ek net as it twa kear efterinoar stiet), omdat dan de betsjutting net dúdlik is. Hjir is in foarbyld: ‘it is better om om te rinnen’ betsjut wat oars as ‘it is better om te rinnen.’ Dan sil men dochs moatte.
Jan Breimer