Yn it stikje fan ferline wike gie it oer it ferhâldingswurd oer. Der is ek in haadwurd oer. Dat oer is in spien oan in bistejaar. It sechje ‘Amelanner boeren melke alle oeren’ kin men twa kanten mei op, want oeren is net allinne it meartal fan oer, mar ek fan oere (uur). En dan is der ek noch de izerhâldende ierdlaach (fels of felst) dy’t de soartnamme oer hat.
Wy kenne ek it foarheaksel oer-. Dat drukt út dat it om de oarsprong, it earste begjin giet, wat hiel âlds: de oerokse bygelyks, of de oerknal. Mar tink derom, it wurd ‘oerkant’ bestiet net, want wat soe dy alderearste kant (út ’e oertiid) dan west hawwe? Nee, wa’t oer de sleat ljept, komt oan de oare kant. Oerside bestiet wol, mar dan leit de klam net op oer, mar op side. It is gjin haadwurd, mar in bywurd: de frachtwein lei oerside, wie kantele. Foar de earlikens moat derby sein wurde dat de gearstalling oerbuorlju wol in brûkber haadwurd is. De lju oan oare kant de strjitte wenje foar jin oer. Sa konsekwint en strak is it Frysk dus ek wer net.
As ferhâldingswurd en as bywurd hat oer in ferskaat oan betsjuttingen en dat kin bytiden betiizjend wêze. As der wat oerbleaun is, hawwe wy it oer in restant, in oerbliuwsel. Mar as learlingen yn it middeisskoft net nei hûs ta geane, kinne se yn de kantine oerbliuwe. Dat is krekt wat oars. Gasten kinne de snein oer bliuwe en bliuwe te sliepen. Sa is der in moai wurd foar wykein ûntstien: sneinoer.
Doe’t er stroffele, lei er samar op ’e grûn. Is dat gjin oerset Hollânsk? Moat it net wêze: Hy lei oer de grûn? As we sin oan tee hawwe, sette wy ommers ek earst in tsjettel wetter oer, oer it fjoer (‘water opzetten’). En it kleed leit oer de flier. Faaks wurdt yn sokke gefallen over (= op) yn it Hollânsk earder as bywurd beskôge, wêr’t oer yn it Frysk in ferhâldingswurd is. Ferlykje mar mei: ‘De appels rolden over de tafel.
Wat falt der in protte oer sa’n behindich wurdsje te sizzen en nei te tinken. Mar no hâld ik op, oars wurdt it ús faaks oer en te folle.
Ed Knotter
6 Reaksjes
Moai stikje, al begjint it yn ‘t lêstoan op sykjen te lykjen.
Want de apels meie dan oer de tafel rôlje, mar by einbeslút lizze ze op ‘e tafel of oer de flier.
Miskien hat H E wol gelyk, mar wêrom einliks?
As de apels oer de flier lizze kinne, wêrom dan net oer de tafel?
Wy sizze dan ‘op’ de tafel, mar it taffelskleed leit oars ek ‘oer’ de tafel.
It subtile ferskil is wol út te lizzen, tink?
Ed
As it in soad appels binne en se binne fier útinoar rôle of se bedekke in grut part fan it taffelsblêd, dan kinne se ek “oer de tafel” lizze. Wat dúdliker oft it is dat it ûnderste elemint foar in grut part mei it boppeste bedutsen is, wat mear oft je de oanstriid ha om “oer” ynstee fan “op” te brûken.
As foarbyld: ien dy’t as spoek ferklaaid is, dêr sil net in mins fan sizze dat er in lekken “op ‘e holle” hat, want dy holle is der folslein troch bedutsen, it lekken hinget sels in heel ein oan ‘e kanten del. Tagelyk sil net ien sizze dat der ien appel oer de tafel leit – of it moat in eksimplaar út in horrorfilm wêze. Streakje ik hûn op ‘e kop, dan kin ik him inkeld mar tusken de earen aaie, mar streakje ik him oer de kop, dan komt dy hân sawat op ‘e hele kop.
Wat wat ferrifeljend is, is dat de ynterne kamera soms net sjocht nei it ûnderste elemint, mar nei it boppeste. As ik “oer de weareld” lis, bedek ik in aardich grutter stik fan ‘e flier as gewoanwei. Steane de meubels “oer de keamer”, dan ha je de yndruk dat se in grutter of opfallender part fan ‘e keamersflier bedekke as ornaris. Griem ik “oer de skuon”, dan is dat ferfelender as wannear’t ik inkeld mar “op ‘e skuon” griem.
Ik begryp net helendal watsto bedoelst, Ed, ast seist dat it Hollânske “over” in bywurd wêze soe. Yn dyn foarbyldsin “De appels rolden over de tafel” is it dúdlik in ferhâldingswurd. Kinst dyn idee wat taljochtsje?
Bêste Henk, hjirby myn idee.
Ik begryp net helendal watsto bedoelst, Ed, ast seist dat it Hollânske “over” in bywurd wêze soe. Yn dyn foarbyldsin “De appels rolden over de tafel” is it dúdlik in ferhâldingswurd. Kinst dyn idee wat taljochtsje? > Nee, it fielt oan as in bywurd. <
Taljochting
Fansels is ‘over’ yn de sin ‘De appels rolden over de tafel’ in ferhâldinbgswurd. Mar foar myn gefoel dochs net sa hiele dúdlik; it hat wat bywurdliks. Myn idee dêrby is dat ‘over’ yn dat sintsje wat seit oer it tiidwurd; it fersterket neffens my de betsjutting fan ‘rollen’. De apels kinne ek ‘op’ de tafel rôlje en dat is krekt wat oars. Soe dat ûnderskied yn it Hollânsk faaks sterker wêze as yn it Frysk? Do hast it ferskil tusken ‘oer’ en ‘op’ mei it oerflakaspekt kreas úitlein (it taffelskleed kin opteard op de tafel lizze, mar útspraat leit it deroer), mar ik sjoch ek nei it bewegingsaspekt. As de apels net rôlje, soe ‘oer’ net kinne. Dan binne it gewoan de apels ‘op’ de tafel. Ik haw it gefoel dat it gebrûk fan ‘over’ en ‘op’ yn it Hollânsk net hielendal lykop rint mei ‘oer’ en ‘op’ yn it Frysk. Yn ferhâlding ta ‘op’ komt ‘oer’ justjes faker foar as ‘over’, mar miskien is dy ynskatting ferkeard.
Dat bywurdlike yn ferhâldingswurden fernim ik ek yn sinnen lykas:
It jonge grien brûst (ta) de grûm út;
Hy rint om de tsjerke (hinne);
It wetter streamt troch de buis (hinne);
‘It gegriem oer de skuon’ past dêr ek by.
Allegearre fehâldingswurden, mar dochs mei wat bywurdliks, soe ’k sizze.
It nijsgjirrige dêr’t wy hjir mei dwaande binne, is neffens my net om de goede wurdsoarte te sykjen, mar mei wat sinfollers, nammentlik it neitinken oer de krekte ynhâld en funksje fan in wurd.
Ed
It is in goeie observaasje dat (guon) ferhâldingswurden wat bywurdliks ha. It is net om ‘e nocht dat safolle wurden ta beide wurdsoarten hearre kinne. Yn de skoalgrammatika wurde se noch dúdlik útinoar holden, mar yn modernere grammatikateoryen wurde se ek faak as ien wurdsoarte beskôge. Der wurdt dan sein dat in wurd lykas ‘oer’ sawol oergonklik as ûnoergonklik foarkomt. Yn ‘De brêge hinget oer’ wurdt ‘oer’ dan ûnoergonklik brûkt, yn ‘De brêge hinget oer de dyk’ oergonklik. Mei tiidwurden meitsje wy dat ûnderskied yn de skoalgrammatika ek: ‘Hy dûnset’ hat in ûnoergonklik ‘dûnsje’, ‘Hy dûnset de horlepyp’ in oergonklik.
Hast ek gelyk dat der in ferskil is tusken it Fryske ‘oer’ en it Nederlânske ‘over’, mar dat is subtyl. Yn it Ned. sil “De doek lag over het voetenbankje” almeast ynterpreteard wurde as beduts de doek ek noch in part fan de flier of oars fan de sydkanten fan it fuottebankje, wylst dat yn it Frysk net hoecht. “Hij ligt over de vloer” soe foar in soad Nederlânsktaligen apart wêze, omdat it suggereart dat de hy mear bedekt as inkeld it flieroerflak en dat ropt wat nuvere bylden op.
Dat komt trochdat ‘oer/over’ twa konkurrearende betsjuttingsaspekten ha. It âldste is ‘boppe’ en dat is yn it gefal fan ‘Hy leit oer de flier’ yn it Frysk noch sterker oanwêzich as yn it Nederlânsk. It twadde betsjuttingsaspekt is ‘de grins foarby’. Dat is wat nijer en yn it gefal fan ‘Hij ligt over het voetenbankje’ dominant.
It Dútske ‘über’ hat it boppe-aspekt soms noch wat sterker as it Frysk. Tink mar oan it ferske “Über den Wolken” fan Reinhard Mey. Dêr soenen wy yn it Frysk almeast ‘boppe de wolkens’ en yn it Ned. ‘boven de wolken’ foar sizze.
Wy hawwe wat bysûnders yn taal en talen rekke. Moai om oer nei te tinken.
Tank foar dyn reaksje. Tige nijsgjirrich!
Ed