It lytse tsjin it grutte

Freed 21 febrewaris 2025 wie it de jierlikse ynternasjonale memmetaaldei. Yn Ljouwert waard dat fierd mei in filmmiddei foar de fertoaning fan twa films, Baarch en Alcarràs. Fanwegen de grutte belangstelling wie dat yn de grutte seal fan filmhûs Slieker, dat de middei organisearre yn gearwurking mei it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum.

Presintator Gerard de Jong – foarsitter fan it EBLT – joech mei Hester Terpstra in ynlieding op de films. Frou Terpstra is direkteur fan Film in Friesland, dêr’t Slieker ek by heart.

De earste film wie Baarch, in Frysktalige produksje. In jonge man komt thús. Syn heit hat in pleats. Heit skouderet de soan. It docht bliken dat dy yn de finzenis sitten hat. Stadichoan kriget de heit lykwols mear begryp foar syn soan. Syn bynamme is Baarch. Wêrom witte we net, de namme wurdt net útlein. In hiel soad yn de koarte film bliuwt tsjuster, wat de krêft fan Baarch ek útmakket.

‘Dizze produksje is in sniperke fan in grutte film,’ sei filmmakker Rutger Veenstra. Hy wie de skriuwer en regisseur en liet ek witte dat it net maklik wie om jild foar de film byinoar te krijen.

Nei de fertoaning fertelde Joris Hoebe fan New Noardic Wave oer de plannen foar in filmfûns. Der is in soad talint yn Fryslân, as it om filmmakkers en spilers giet. Der is dus in ynfrastruktuer foar film. Deputearre Eke Folkerts siet ek yn de seal en presintator De Jong frege har nei it jild foar it filmfûns. Folkerts seach perfoarst mooglikheden. Dy ambysje stiet ek yn de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK).

Boarne: EBLT

Nei it skoft waard de spylfilm draaid. Dy Katalaanske film hat ferskate prizen wûn. Sa is it de earste Katalaanske film mei in Gouden Bear. It ferhaal giet oer in boerefamylje yn de omkriten fan Barcelona. Heit hat it bedriuw oernommen fan syn heit, en syn soan sil him opfolgje. Se bouwe perziken en tomaten en oar fruit. It docht lykwols bliken dat it lân ornearre is foar sinnepanielen. De fruitkweker tocht dat it lân harren buorkerij hearde, mar dat is net sa. It lân is fan in lâneigener. De heit fan de kweker hat gjin papieren dêr’t út blykt dat it lân fan him is. Op de ein fan de film hakket in kraan de fruitbeammen dan ek ien foar ien om.

Neist de stap nei de moderne tiid – of maksimale winst – giet de film ek om generaasjekonflikten en skuorren de famyljeferhâldingen. Dy, soms tragyske, relaasjes wurde mei in soad gefoel yn byld brocht. De boer moat hieltyd hurder wurkje en bart hieltyd minder foar syn fruit. No en dan is der in grutte demonstraasje tsjin dy ûnrjochtfeardige situaasje.
It hert fan de film draait om de famyljerelaasjes: tusken de kweker en syn twa susters, dy’t him helpe; en tusken de boer en syn heit en syn soan. De boer stiet symboal foar de man dy’t net opjout. Hy wol goede produkten leverje op in ferantwurde wize, mar hy wurdt ynhelle troch de moderne tiid. As lytse ûndernimmer moat er belies jaan.

De hofker kin net op tsjin it grutte jild. Lytse lannen en gebieten mei minderheidstalen hawwe it (soms) ek dreech. De Katalaanske spylfilm Alcarràs is in treffend foarbyld fan dy striid om it bestean.

Hein Jaap Hilarides

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter