Yn myn taalpraatsje fan ferline wike sitte wat losse eintsjes. Dêr gean ik op troch. It plaatsje dêrby lit inkelde en dûbelde apostroffen sjen. De inkelde (Britsk-Ingelske) wurde yn Nederlân tsjintwurdich it meast brûkt. Se ferkringe aloan mear de dûbelde (Amerikaansk-Ingelske).
Ferskillende lannen hawwe harren eigen tradysje. De Frânsen sitearje mei «…». Dy tekens brûke de Dútsers, njonken de dûbelde apostroffen, ek wol, mar dan krekt oarsom (»…«). Yn Fryske teksten folgje we wat lêstekens yn it algemien oanbelanget de Hollânske gewoanten. Foar lêstekens jilde gjin strange regels; út gewoanten binne ôfspraken en advizen ûntstien.
Dochs is der wol wat foar te sizzen as we yn Frysktalige teksten foar sitaten fêsthâlde soene oan de dûbelde, klassike oanheltekens. Wêrom? Omdat ús taal al sa’n soad inkelde weilittingstekens ken, is by sitaten tusken inkelde oanheltekens faak net maklik te sjen wêr’t in sitaat ophâldt. Oan it begjin kin it ek wat ûndúlikens jaan. In foarbyld:
- Mem sei: ‘’k Wit ’t net oft ’t wol fertroud is om salang yn ’e sinne te sitten.’
In oerdreaun gefal fansels: fjouwer weilittingstekens, dy’t uteraard inkeld binne. Mei dûbelde oanheltekens falt it better op dat it om in sitaat giet:
- Mem sei: “’k Wit ’t net oft ’t wol fertroud is om salang yn ’e sinne te sitten.”
Is it wol nedich om trije kear in ‘i’ en ien kear in ‘d’ wei te litten? Ja, as it om in sitaat út in letterlik sa printe tekst giet, en ja as we sjen litte wolle hoe’t mem prate. As it lykwols in sitaat is dat we sels yn in ferhaal of sa betinke, dan is it moaier en winsklik om de wurden folút te skriuwen: “Ik wit net oft it wol fertroud is …” Dat jout in rêstiger byld. Ien dy’t sa’n sin lûdop lêst, makket sels wol út watfoar lûden oft er weifalle lit. Dat hoege we net foar te skriuwen.
Oars leit it mei “yn ’e sinne”. Dat is in fêste ferbining én it is net letterlik bedoeld. Yn sa’n gefal is it oannimlik sa’n lidwurd wol wer te jaan sa’t we it sizze: yn ’e sinne en yn ’t sintsje, al is dat lêste op it rântsje. Yn ’t sintsje is de t min út te sprekken en min te ferstean. Trochdat er oan de n fan yn fêst te plakken is, falt it noch wat ta. Yn it sitaat fan mem falt de ’t yn oft ’t wei. Yn op ’t rântsje soe er min út te sprekken west hawwe. Dan is it better en skriuw ‘it’ folút. Itselde jildt foar gefallen lykas ’t doarke.
Heart der nei in ôfslutingsapostrof net in punt te stean? Dat hinget derfan ôf, mar as ik dêr oer begjin, wurdt dit stikje te lang. Dat moat letter mar ris.
It sil wol oerstallich wêze om derop te wizen dat tusken in iepeningsapostrof en it earste wurd gjin spaasje heart en tusken it lêste wurd en de slutingsapostrof ek net, krekt sa’t dat ek net moat by ien of mear wurden tusken heakjes: (…) en net ( … ).
Lêste opmerking dizze kear: yn kranten en boeken wurde sitaten faak op de klassike wize omklamme: ,,… …”, dus mei in leech, dûbeld iepeningsteken oan it begjin.
Jan Breimer
1 Reaksje
Nei it lêzen fan de earste alinea wie myn konklúzje dat wy dus kieze moatte tusken Amerikaansk Ingelsk en Britsk Ingelsk. En dat de útkomst fan dy kar sels al fêst liket te lizzen. Och hea, en al dy oare talen dan? Der binne dochs wol mear talen, lês kultueren (kultueren dêr’t minsken har mei identifisearje!). De grutte diversiteit yn klank- en lettersystemen wurdt samar oan ‘e kant reage. (Sjoch: myn toetseboerd is ynsteld op oan ‘e en dêr moat ik dan oan ’e fan meitsje). Wurdt it ferskil yn typografyske regels en tradysjes net mear sjoen as kulturele wearde? As ’t (‘t mei sin ferbettere) my net mist wurdt yn it Spaansk in omkeard fraachteken as oanhelteken brûkt. Is dat dan ferkeard?
Foar my is it noch altiten hiel gewoan dat in sitaat foarôfgien wurdt troch twa lege skrapkes (oanhelteken iepenjen) en oan ’e ein twa hege skrapkes kriget (oanhelteken sluten). Yn ’e lêste opmerking lês ik dat dat noch wol dien wurdt, de klassike wize. Troch wa wurdt ús foarskreaun om dat te feroarjen?
Ed