As it tiidwurd jin ferfele streekrjocht út it Hollânsk oernommen wêze soe, soe men ferwachtsje dat der wat fan folle (‘veel’) yn it wurd sitte soe, of fan in soad, in knoarre, in protte ensfh. Ferfolje is lykwols hiel wat oars en fierder sit it lidwurd in ús yn it paad as we gebrûk meitsje wolle fan dy oare mooglikheden om ‘veel’ te ferfryskjen. Dat wol net, alhoewol’t ‘jin ferknoarje’ wol hiel ‘ferfelend’ hearre soe. De fraach moat steld wurde oan it Hollânsk: wat hat ‘zich vervelen’ en dêrmei ek de wurden ‘vervelend’ en ‘verveling’ mei ‘veel’ te krijen?
It Dútske sich langweilen en langweilich bringe ús in tefolle oan tiid yn ’t sin. It duorret te lang. Dat sit ek yn langst en langstme; by dat begryp duorret de tiid ek te lang. Mar wy moatte wach wêze. Ferlange en ferlangst wurde yn it wurdboek as hollanismen oantsjut, mar ferfele dus net. It Hollânske tiidwurd ‘verlangen’ kin net ferfryske wurde ta ferlingje, want dat is wat oars. By langstme wol men de tiid krekt ferkoartsje. Longerje liket ek besibbe oan langje, mar hat earder eat fan begearigens yn him as dat der eat (de tiid?) te lang wêze soe.
De konklúzje moat wêze dat wy hjir op in ferkeard spoar sitte. It sil earder sa wêze dat it Hollânske tiidwurd ‘velen’ fan it Fryske ‘fele’ komt. Dy hawwe ommers deselde betsjutting: verdragen/ferneare. Yn beide talen wurde de tiidwurden ornaris brûkt yn negative sin en foar ’t meast yn kombinaasje mei kunnen/kinne. “Ik kin it geraas fan dy bern net fele.” Hjoed-de-dei sil it net faak mear op dy wize sein wurde, mar it makket ús wol dúdlik wat de kearn fan it begryp ‘ferfelend’ is: net te fernearen, aaklik! Dat is nammers wat oars as ‘ferfeling’, want dêrby tinkt men al gau wer oan dy te lange tiid (langweiligkeit).
It kin bytiden in hiele toer wêze om wurden en betsjuttingen goed teplak te krijen. Besjoch dit stikje dan ek mar as in syktocht. Betiizjende twataligens en ûnbegryplike tsjinstridichheden kinne jin op ’e doele bringe. Soks liket miskien ferfelend, mar neam it net ferfeelsum. Salang’t men in doel hat (yn dit gefal is dat it sykjen om betsjuttingen), is der gjin ferfeling. My spûket in sitaat fan de Russyske skriuwer Tolstoi troch de holle: “Ferfeling is langstme nei langstmen.”
Ed Knotter
6 Reaksjes
‘Ferfele’ is foar it neist in ûntliening oan it Hollânsk. De fariant ‘ferfeelje’ soe op himsels in Frysk erfwurd wêze kinne, want yn it Aldfrysk bestie de foarm ‘feel’ of ‘fele’ noch. Us hjoeddeiske ‘folle’ is troch betizing mei ‘fol’ ûntstien. ‘Ferfeelje’ is net yn Fryske teksten út de midsieuwen oantroffen, dat is net dúdlik wannear’t it wurd yn it Frysk opdûkt is. Oft it in erfwurd of in lienwurd is, is dêrom net mei wissichheid te sizzen.
‘Ferfeelje/ferfele/vervelen’ hat mei ‘feel/veel’ te krijen yn de sin dat in saak jin ‘te folle’ wurdt. Yn dy betsjutting is it Holl. ‘vervelen’ yn de lette midsieuwen ûntstien. It weromwurkjende tiidwurd ‘zich vervelen’ is in folle nijere ûntjouwing, dat fine wy pas yn de lette 18e ieu. It Fryske ‘jin ferfele/ferfeelje’ sil dêr grif in neifoarming fan wêze.
Der is gjin reden om oan te nimmen dat it Holl. tiidwurd ‘velen’ in Frysk lienwurd wêze soe. Besibbe foarmen komme yn alle Germaanske talen foar. Nei alle gedachten ha it Holl. en Frysk it wurd beide gewoan út it Germaansk urven. Mei ‘vervelen’ binne se net besibbe.
‘Longerje’ liket wol wat op ‘(fer)langje’, mar de wurden binne net oaninoar besibbe. ‘(Fer)langje’ is ôflaat fan ‘lang’ en ‘longerje’ fan in útstoarn wurd ‘longer’, dat ‘fluch, happich, begearich’ betsjutte. Yn Nedersaksyske dialekten is der ek in tiidwurd fan ôflaat. It Grinzersk hat bygelyks ‘longern’.
Tank, Henk, foar dyn nijsgjirrige reaksje.
Wy kinne der wol fan útgean dat ‘ferfele’ oan it Hollânsk ûntliend is, mar hoe is dat dan gien? Ûnderlizzende fraach is wat it mei (te) veel en (te) folle tekrijen hat. Doe’t ik dêr oer neitocht, kaam my ‘verlangen’ yn ’t sin, dat neffens my neat mei ‘lang’ te krijen hat. Ik leau dat P.C. Hooft dêr ris wat grappichs oer skreaun hat, mar dat kin ik net weromfine.
Doe’t ik ‘longerje’ derby helle, hie ’k wol troch dat dat te fier socht wie. Longerje en (fer)langje binne net oaninoar besibbe, mar wannear is sibskip tusken wurden folslein helder? It moat om betsjutting gean, mar yn de taalpraktyk spylje foarm en klank ek in rol. Dan ûntstiet dochs freonskip en dat kin ús op ’e doel bringe.
Ik skriuw graach dingen dy’t ik mar heal begryp, op ’e siik nei hoe’t it yninoar stekt. Dêrby hoopje ik dat it by oaren ek sa wurket en der klearrichheid komt yn ’e dize.
Ed
Hoe bedoelst dat, Ed, “hoe is dat gien”? Wolst witte hoe’t ûntliening wurket of wat de assosjaasjes wienen dy’t mei dit wurd meikaam binne nei it Frysk ta? It earste kin ik wol sawat in antwurd op jaan, it twadde is spitigernôch neat oer bekend.
‘Verlangen’ wie fanâlds in ûnpersoanlik tiidwurd (dus sûnder ûnderwerp). Tink oan it Egidiusliet: “Mij langt naar dij”, mei de betsjutting: foar my wurdt de tiid nei dy lang (wylst ik him koart ha woe). Lykas de measte ûnpersoanlike tiidwurden hat it him yn de rin fan ‘e tiid oanpast oan it gebrûklike patroan mei in ûnderwerp derby. Neffens it etymologysk wurdboek fan Schröder hat Hooft dêr yn in sonnet “dat ic de tijt die ic vercorten wil, verlang” oer skreaun, mar ik kin it sonnet sels net fine.
Fansels is it sibskipsmodel net geskikt om de skiednis fan alle wurden te beskriuwen. It wurd ‘folle’, dat hjirboppe neamd is, is in moai foarbyld fan in wurd dat sawol in fuortsetting is fan ‘feel/fele’ as fan ‘fol’. De stambeammetafoar wurket dêr net foar.
Sibskip sprekt lang net altyd út in oerienkomst yn betsjutting en/of foarm, mar inkeld út in mienskiplike oarsprong. It Fryske ‘terp’ en it Dútske ‘Dorf’ betsjutte ferskillende dingen en ha net ien mienskiplike klank, mar doch binne se besibbe, omdat se beide (fia in rige betsjuttingsferskowingen en klankferoaringen) út itselde Germaanske wurd ûntstien binne.
Ingelsk: to long for – longerje nei /op
De Dútske wurden ‘fehlen’ en ‘Fehler’ komme my yn ‘t sin. Dy sizze ek, dat der wat ûntbrekt. Leit dêr in link?
Lútsen
My tinkt dat it Ingelsk ús net helpt om út te finen hoe’t it begryp lang (lingte fan ’e tiid?) yn it wurd telâne kommen is. Dat it tiidwurd ‘verlangen’ oarspronlik gjin persoanlik ûnderwerp by him hie, is dêr wol in aardige ferklearring foar. It sitaat fan Hooft jout moai de oergong oan nei it konkretere ‘ferlingjen’. En dêrmei komme we by it twadde part fan myn fraach: wat binne de assosjaasjes dy’t liede ta betsjuttingsferoaringen? In mienskiplike oarsprong hâldt ommers ek in mienskiplike betsjutting yn. Ferskowings op grûn fan in oan te wizen logika binne wol nei te gean, mar der kinne ek tafallige ynfloeden in rol spylje. En dan is it spekulearjen.
De mienskiplike oarsprong yn it Dútske ‘fehlen’ en ‘fehler’ is der neffens my net, mar de opmerking fan Lútsen jout wol oan hoe dreech oft it soms is om nei te gean hoe’t prosessen fan ûntliening en betsjuttingsûntjouwing ferrinne. Ut sibskip kinne falske freonen ûntstean.
Ed
It Ingelske ‘to long’ is besibbe oan ‘verlangen, ferlangje’, mar net oan ‘longerje’.
It Dútske ‘fehlen’ hat mei ‘vervelen’ en de oare wurden dy’t hjir neamd binne, neat te krijen. Dat is besibbe oan ús ‘falsk’. Beide wurden binne út it Frânsk liend.
Betsjuttingen kinne allegear kanten op ferskowe, mar dat wol net sizze dat wy gjin patroanen fûn ha of dat wy yn yndividuele gefallen net witte hoe’t in betsjutting ferskood is. By ‘vervelen’ en ‘verlangen’ is it proses wol sawat dúdlik. Yn etymologyske wurdboeken is gauris in soad ynformaasje oer sokke ûntjouwingen te finen.