Der binne ferskate efterheaksels om in ferlytsing te foarmjen. Yn it Frysk kinne ferlytsingswurden einigje op -ke, (-k)je, en -(t)sje. Ferlytsingswurden binne der by it soad, benammen yn it Biltsk tilt it derfan op, mar fergruttingswurden hat it Frysk net. Dêr hawwe wy blykber gjin ferlet fan, mar faaks bestiet dy mooglikheid yn oare talen wol. As ien dêr mear fan wit hear ik dat graach.
It is lykwols net sa dat wy alles samar ferlytsje kinne. In deike wurdt sjoen as de letterlike oersetting fan it Hollânske ‘dagje’, mar in dei is in dei en hoe soe dy lyts wêze kinne? As bedoeld wurdt dat it (spitigernôch) mar ien dei wie, dan giet it altiten noch om in dei, gjin deike. In oerke of in kertierke mei noch hinnebruie, al sit dêr itselde beswier oan, mar in wykje of in jierke (somtiden sels fergriemd ta jiertsje) lykje nearne nei.
As ien in min sin hat, mar it falt mei dat min sin wol wat ta, of as in lyts bern in min sin hat, hat er dan in min sintsje? Sa kin men dat wol betinke, mar sa sizze we dat net.
Elkenien ken de moppen wol oer ‘Jantje’, it wetige jonkje dat in snoade fraach oan de juf stelt. As sa’n mop yn it Frysk ferteld wurdt, giet it faak oer Jantsje. Dan is it ynienen in famke en dat doocht fansels net. Troch te ferlytsjen ûntstiet út in jongesnamme in froulike wjergader. Njonken Sjoerd as jongesnamme hat it Frysk Sjoerd(t)sje as famkesnamme. Dat is in produktyf systeem, want der binne hûnderten foarbylden fan: Wytse/Wytske, Sjouke/Sjoukje, Geart/Geartsje, om mar in stikmannich te neamen.
Njonken Jan besteane sawol Janke as Jantsje. Dat bringt jin yn it sin dat de útgongen -ke en -tsje twa foarmen binne fan deselde stamme. It kiellûd ferskoot fan efter yn ’e mûle nei foaren en wurdt in tosklûd (ts). Dat ferskynsel kenne wy fan Sneek/Snits. Mar dat hat fierders neat mei ferlytsing te meitsjen.
Ed Knotter