Op sneon 30 novimber wurdt it boek De reis fan it famke fan de susters Catharina en Hilleke Lautenbach presintearre yn Museum Dr8888. De reis fan it famke is in aventoerlik mearke dat in laits opropt én yn it moed taast. Foar jong en âld en elkenien dy’t fragen hat oer it doel fan de syktocht yn it libben.
In famke ferlit har swantsje en waarme eilân om te sykjen om in suske. Op de rêch fan in walfisk doarmet se oer grutte seeën en stekt ûnderweis op ferskate eilannen oan. Se moetet frjemde minsken, lykas in man dy’t op reinwetter sit. De bisten dy’t se treft ha ek har nuveraardichheden, lykas in ûltsje dat gjin pykjes ha wol om’t se leaver in knipperke docht yn de waarme sinne.
De moetingen mei al dy bjusterbaarlike wêzens roppe nije fragen by it famke op: wat jout wearde oan it libben? Is in suske it antwurd?
De susters Lautenbach hawwe tegearre dit orizjinele mearke skreaun en de yllustraasjes makke.
Op sneon 30 novimber is yn Museum Dr8888 de presintaasje fan it boek. Martsje de Jong kriget it earste eksimplaar. Der is muzyk en Catharina en Hilleke sille sels ek oan it wurd. De presintaasje begjint om 15.15 oere (ynrin fan 14.45 oere ôf). Nigethawwers binne fan herten wolkom. Wa’t fan doel binne om te kommen, graach efkes oanmelde by Hille Faber fan Utjouwerij DeRyp op mailadres faberhillebrand@gmail.com.
