Diel dit berjocht

Nije talen by Google Translate

Google hat ôfrûne tongersdei goed hûndert nije talen en dialekten taheakke oan syn bekende oersetmasine Google Translate. Sa set de masine hjoed ek oer yn it Papiamintsk, dat praat wurdt op Aruba, Curaçao en Bonaire, en it Limburchsk.

De talen wurde hieltyd faker ek online brûkt. “It is de misje fan Google om ynformaasje wrâldwiid sa breed mooglik beskikber te meitsjen”, seit de Limburchske direkteur fan Google Nederlân Martijn Bertisen tsjin L1 Nieuws. “Limburchsk heart dêr ek by.” It systeem leart fan besteande oersettingen, bygelyks dy’t online steane of út offisjele dokuminten. By talen sûnder in protte fia ynternet oersette teksten, lykas it Papiamintsk en it Limburchsk, is dat lestich. Dêrom is ûnder mear mei memmetaalsprekkers wurke.

It Limburchsk hat in protte ferskillende farianten. Sa klinkt it dialekt dat yn Weert sprutsen wurdt, hiel oars as it Maastrichtsk of it Fenloosk en hawwe de ferskillende farianten ek eigen wurden. Google Translate kin alle farianten fan it Limburchsk nei it Nederlânsk of in oare taal oersette. Oarsom wurdt it wat yngewikkelder. De oersetting nei it Limburchsk is in mjuks fan de meast brûkte Limburchske farianten.

De provinsje Limburch is tige wiis mei de tafoeging fan it dialekt. “Mar wy binne ek tige gruuëts dat wy fia stipe fan de Limburgse Academie ús beskieden bydrage oan dizze ûntwikkeling leverje kinnen hawwe.” Yuri Michielsen, foarsitter fan de Limburgse Academie, seit dat de organisaasje de kommende jierren noch mei Google gearwurkje sil om it Limburchsk fia de oersetmasine fierder te ferbetterjen.

Njonken it Papiamintsk en it Limburchsk hat de oersetmasine fan Google ûnder mear it Manx (de taal op it eilân Man), Punjabi út Pakistan en Tamazight út Noard-Afrika taheakke.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter