Oant 15 maaie noch ynstjoere foar de Rely Jorritsmapriis

Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 15 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonym hifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei tûzen euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as taheakke ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl.

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Marrit de Schiffart, Gerbrich van der Meer en Reitze Jonkman. Sjoch foar mear ynformaasje op ’e webside www.stiftingflmd.frl.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter