Diel dit berjocht

Rjochtbank stelt Frysk as funksje-eask

Boarne: pixabay.com

De rjochtbank Noard-Nederlân leveret yn Assen, Grins en Ljouwert de rjochtspraak yn earste oanlis yn de trije noardlike provinsjes. De rjochtbank is yn 2013 troch in wetswiziging ûntstien en bout fierder op in rike skiednis fan trije aparte rjochtbanken yn Assen, Grins en Ljouwert. Koartlyn is de presidint fan rjochtbank Noard-Nederlân fan funksje feroare.

De Ried fan de Fryske Beweging en it Steatekomitee Frysk hawwe noed oer it Frysk yn de rjochtbank en dêrom frege om by it ynfoljen fan de fakatuere breed omtinken te jaan oan de spesifike rol fan it Frysk yn de rjochtbank. Dat hat fertuten dien.

Yn it funksjeprofyl foar de nije presidint is te lêzen dat de rjochtbank Noard-Nederlân in selsstannige rjochtbank mei in eigen identiteit wêze wol. De rjochtbank wol dat berikke troch ‘nij tinken en nij dwaan’. De nije presidint hat omtinken foar de fraachstikken dy’t yn it Noarden libje. Dêrby falt te tinken oan mynbouskea, it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear en alles wat de opfang fan asylsikers yn Ter Apel oanbelanget.

De Raad voor de Rechtspraak stelt ek easken oan it Frysk: de kandidaat behearsket de Fryske taal of is ree is ta it folgjen fan in kursus Frysk ferstean en lêzen.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter