Yn myn earste praatsje oer lestige lytse wurden gie it oer ‘tot’ en ‘toe’, en dat dy faak yn stive en wat ûnhandige sinnen foarkomme. Dat is ek it gefal mei ‘ter en ‘ten’.
Yn it Hollânsk kinne we geregeld ‘ter zake’, ‘ter gelegenheid van’ en mear fan sokke ferbiningen tsjinkomme. Dat binne âlde fêste útdrukkingen dêr’t ‘te’ en ‘der’ yn gearlutsen binne. Soks kenne we yn it Frysk net. Letterlik oersette slagget dan net altyd, dat wy hawwe wolris mear wurden nedich om itselde te sizzen. As yn in diskusje ôfdwaald wurdt, ropt de foarsitter bygelyks: “En no wer ta de saak.” As yn in Hollânsktalich ferslach stean soe dat ‘ter zake van de verkoop’ in beslút nommen is, dan soe yn de oersetting oangeande de ferkeap stean kinne. De útdrukking ‘ter gelegenheid van’ is yn it Frysk by gelegenheid fan.
Noch wat foarbylden en hoe dy te brûken:
- ‘ter plekke’ en ‘ter plaatse’: bgl. de plysje wie der gau by (net teplak!) en dat kin op it plak sels regele wurde.
- ‘ter wereld’: te wrâld komme; rûnom op ’e wrâld.
- ‘ter tafel’: eat te praat of op it aljemint bringe.
- ‘ter informatie’: ien wat ta ynformaasje stjoere; om jo te ynformearjen.
- ‘ter elfder ure’: op it lêste stuit.
- ‘ter dood veroordelen’: ta de dea feroardielje.
Sokke fêste ferbiningen binne der ek mei ‘ten’:
- ‘ten eerste’: yn in opsomming: foarst; yn it earste of foarste plak.
- ‘ten tweede’: twad; yn it twadde plak.
- ‘ten minste’: op syn minst.
- ‘ten nadele van’: yn it neidiel fan.
- ‘ten koste van’: yn it neidiel fan.
- ‘ten opzichte van’: oangeande, wat … oangiet of oanbelanget, neffens.
Yn it Frysk kenne we wol soksoarte ferbiningen mei te’n; se lykje soms streekrjochte oersettingen fan harren Hollânske wjergader te wêzen:
- te’n anker gean (foar anker gean, earne bliuwe)
- te’n djipste ( yn ’e grûn is it gjin minne jonge)
- te’n ein (bgl. yn jins ried te’n ein: net witte hoe’t it fierder moat; ek de dei is te’n ein: foarby). Net te betiizjen mei tenein = stikken, fersliten fan klean bygelyks; ek ynein en oanein
- te’n geunste fan ien sprekke (ferdigenje)
- te’n goede fan (yn it foardiel fan); te’n goede keare (goed ôfrinne)
- te’n grûnslach (as basis)
- te’n koste fan (in oar of wat oars moat it belije)
- einlings en te’n lêsten (ek: lang om let; ‘ten lange leste’)
- te’n ûnrjochte (ûnrjochtlik, sûnder grûn)
Ticht by de lêste kategory leit ta’n:
- ta’n doel (yn ta’n doel hawwe: fan plan wêze, as doel hawwe)
- ta’n ein (yn it ien of oar ta’n ein bringe: dien meitsje; kin ek as te’n skreaun wurde)
- ta’n yn en út (yn earne ta’n yn of ta’n út gean; apart genôch sizze we ek wol ta de hûs út)
It gearlûken fan te en ta mei ’n komt net sa faak foar. Dêr sil it dan ek wol troch komme dat minsken har wolris ôffreegje wêr’t de weilittingsapostrof stean moat: nei de t of foar de n. Wa’t betinkt dat it mei it gearlûken fan de Hollânske wurden ‘de’ en ‘den’ of fan ‘de’ en ‘een’ te meitsjen hat, begrypt dat de apostrof nei de t gjin opsje is.
Jan Breimer
2 Reaksjes
Jan, kin ter informatie ek wêze: foar kundskip?
Wêrom kin ‘teplak’ net Breimer?