Yn de tredde ôflevering neamde ik in pleatske efterhûs ‘befluorre plat’. Lútsen reagearre mei de fraach wêrom’t dat net ‘beflierre’ is en oft de oergong fan ie nei uo soms mei Hollânske beynfloeding te meitsjen hat. In logyske fraach. Ik ken it wurd fluorje út myn bernetiid; der waard ek wol ‘(be)strate’ sein. Ik seach no yn it WFT by de trefwurden fluorje en flierje dat yn 1869 flierje-flierre-flierre bestie en dat lettere skriuwwizen floerje, flurje en fluorje wiene. Flurje is Súdhoeksk. Miskien waard floerje wol as fluorje útsprutsen. Oft de feroaringen ûnder Hollânske ynfloed ûntstien binne betwivelje ik. Binne der lêzers dy’t der mear oer witte?
Ark en arke
In wenarke, of koartwei arke, hjit yn it Hollânsk ‘woonark’ of ‘ark’. Dat haadwurden yn it Frysk op in e útgeane en dat harren wjergader yn it Hollânsk dy e mist, sjogge we faker. Tink oan skoalle-school, tsjerke-kerk, brêge-brug, doaze-doos, foarke-vork, skeppe-schep en folle mear. Foar minsken dy’t net mei it Frysk grut wurden binne, kinne dat taalfalkûlen wêze.
Mei it wurd ‘ark’ is mear te rêden. Yn it Frysk is dat ek itselde as ‘gereedschap’, in sammelnamme foar de dingen dy’t brûkt wurde om wat te meitsjen en te reparearjen. Dat neame we ek wol reau (dat ek wer oare betsjuttingen hat), gerei, geriif of ridskip.
Knuffelen en knoffelje
It Hollânske knuffelen en it Fryske knoffelje lykje safolle opinoar, dat men soe tinke kinne dat se deselde betsjutting hawwe. Dat sil ek wol sa west hawwe, mar it ûnhandige stjitten en rimpene stompen dat dêr oarspronklik mei oanjûn waard, hat yn it Hollânsk plak makke foar it leafdefol oanheljen, wylst we yn it Frysk knoffelje brûke as it oer stroffeljend rinnen en fallen giet en ek oer it ûnhandich earne mei omgean en it falle litten. It fallen sels kin der ek mei oantsjut wurde: it glês knoffele my út ’e hannen. Dy ûnhandichheid is yn it Hollânsk alhiel ferlern gien. Tink mar oan fragen as ‘Mag ik je knuffelen’ en ‘Wil je me knuffelen’. Dy moatte leafst net mei ûnhandich oanreitsjen beäntwurde wurde. As de betsjuttingen sa fier útinoar lizze, sil gjin Fryskprater him fersinne. Seit ien dat er nochal knoffelich is, dan soe in Hollânskprater miskien wolris tinke kinne dat er in ‘knuffel’ ferwachtsje kin.
Hoe sit it mei ‘knuffel’? Yn it Hollânsk is dat net allinne in ‘omhelzing’, mar wurdt in koesbearke of in oar koesbist dêr ek mei oantsjut. Ik haw trouwens wol de yndruk dat dy beide Fryske wurden fierhinne yn it ferjittersboek bedarre en troch ‘knuffel’ ferfongen binne. Dat nije lienwurd hoege we net te brûken foar ‘omearming’. Wat my oangiet klinke “Wolst my efkes oankrûpe?” en “Mei ik dy oankrûpe?” wol sa fertroud en tsjin berntsjes: “Krigest in krûpke fan my.’
Smelte en smelten
Kinne snie en iis smelte? Yn it Hollânsk liket it te kinnen, mar yn it Frysk teie snie en iis. Yn it Hollânsk ‘dooien sneeuw en ijs’ trouwens ek it meast en dat is wol sa logysk. Smelte brûke we yn it Frysk om it floeiber meitsjen en wurden fan metalen oan te jaan en rane foar alle oare stoffen. Bûter en fet bygelyks, mar figuerlik kin der ek fan alles rane, sa’t bliken docht út de foarbylden dy’t it Frysk Hânwurdboek jout:
- it raant as bûter;
- it jild raant jin ta de bûse út;
- de klean rane him fan ‘e hûd (= hy is tige rij mei syn klean, se slite fluch by him);
- it is hjir om te ranen (= it is hjir ferskriklik waarm) en
- dy parren rane jin op ‘e tonge (= dy parren binne tige soppich).
Jan Breimer
2 Reaksjes
Sels de Afûk giet yn de ferhollânsking mei troch yn de berneboekjes iiskâld ‘knuffel’ oer te nimmen. Fij Afûk, dat is net yn oarder! De bern moatte ommers Frysk leare; dat is jim doel. Dingen om mei te koesen binne, sa’tst seist Jan, ‘koesbearen’, ‘koespoppen’ of simpelwei in ‘koeser’.
Yn it Germaansk kamen twa farianten foar it wurd foar ‘flier’ foar. De measte talen dy’t fan it Germaansk ôfstamje, lykas it Hollânsk, Dútsk en Ingelsk, ha mar ien fan dy foarmen bewarre, mar yn it Frysk ha se it as ‘flier’ en ‘floer’ lang neistinoar útholden. Gysbert Japiks brûkte se noch trochinoarhinne, en sels yn de 19e ieu wurdt ‘floer’ sporadysk noch oantroffen yn Fryske teksten. Yn de iere 20e ieu komt it noch yn faktaal foar, bygelyks ‘ûnsfloer’ (flier fan de oven, yn bakkerstaal).
Uteinlik hat ien foarm de konkurrinsjestriid wûn. Oarekant de lânsgrins, yn it Sealterlân, wienen dat de kognaten fan ‘floer’, dy’t dêr de foarmen ‘floar’ en ‘flouer’ krigen ha.
Yn Westerlauwersk Fryslân hat ‘flier’ de striid wûn, mar der binne noch wol restjes fan de âlde konkurrint ‘floer’ oer.
‘Fluorje’ is bygelyks in ôflieding fan dat âlde ‘floer’. Yn de measte dialekten is de oe yn dat wurd brutsen ta uo, mar yn de Súdwesthoeke, dat eigen lûdferoaringen hat, is de oe in u-achtige klank wurden, mei ‘flurje’ (of better ‘flörje’) as resultaat. It Sealterfrysk, dat sokke lûdferoaringen folle minder hat, hat ‘floarje’ en ‘flouerje’.
De skriuwwize ‘floerje’ yn 19e- en 20e-ieuske teksten sil yn de measte gefallen de brutsen of de Súdwesthoekster útspraak werjaan. Dat ferriedt de dûbelde r (‘floerret’, ‘floerre’) yn bûgingsfoarmen, mar it is net helendal út te sluten dat hjir en dêr ek in útspraak mei oe foarkaam/komt.