Yn teksten dy’t ik ûnder eagen krij (om se nei te sjen foardat se publisearre wurde) falt my sa út en troch op dat minsken wurden lykas aardige en bergen mei in ch skriuwe, dus aardiche en berchen. Se kenne de wurden aardich en berch en sille wol tinke dat se by it bûgen dêrfan folstean kinne mei der ‘e’ c.q. ‘en’ efter te skriuwen, sa’t dat by in hiel soad oare wurden it gefal is.
Sa sit it lykwols net, want yn aardige en bergen hearre we net in ch, mar in g. Soms (faak) hâldt de stavering rekken mei de útspraak. Doe’t ik fjirtjin dagen lyn yn dizze rubryk oer de oe en de û skreau, hie ik it oer it prinsipe fan de útspraak. Dat prinsipe is ien fan de útgongspunten by it staverjen. Wa’t dêr nijsgjirrich nei is ried ik oan en lês de Paadwizer en dan benammen punt 2.
De bylûden ch en g lizze ticht byinoar (lykje in protte opinoar): ch is stimleas en g is stimhawwend. Yn it Frysk makket dat ferskil yn útspraak út foar hokker fan de twa oft we kieze. Dat is oars as yn it Hollânsk: yn aardig en berg hearre we as lêste bylûd ch, mar dat wurdt as g skreaun. Yn dy taal kin by it bûgen fan dy wurden dus wol folstien wurde mei in ‘e’ c.q. ‘en’. Neffens de Fryske staveringsregel is dat ûnlogysk. Us prinsipe fan de útspraak makket dat wy sawol it wurd berchje as it wurd bergje kenne: Wolsto dat berchje rekkens efkes bergje? Yn it earste gefal hawwe we it oer in lytse berch en yn it twadde oer it opbergjen of opromjen.
Der binne mear fan dy stimleaze (of skerpe) en stimhawwende (swiere) pearen fan bylûden: f – v en s – z. Sjoch mar: skurf en skurve, wolf en wolven, heas en heaze (of heazich), mûs en mûzen (of mûzich).
Yn tiidwurden dogge dy wikselingen fan stimleaze en stimhawwende bylûden har ek foar: ik liich en wy lige, ik sweef en jimme sweve, ik sis en wy sizze. Yn de stavering fan foar 1980 wie it noch: ik siz wêz stil. Doe skreauwen we ek: gebet en gebeden. Dat lêste pear foldie wol oan de regel fan de útspraak, mar by de twillingen t – d en p – b is foar it prinsipe fan de foarmoerienkomst keazen.
By staveringsferoaringen en -oanpassingen giet it altyd om ferbetteringen, mar dat belibbet net elkenien sa. Yn ien fan de reaksjes op myn foarige taalpraatsje waard it feroarjen yn 1980 fan great yn grut in minne set neamd. Dy’t dat bewearde sprekt dat wurd as rymwurd fan ‘beurt’ út. Dat kin er no noch likegoed dwaan. Oaren sprekke it út as greut (rymwurd fan ‘peut’ en ‘teut’). Dat binne beide útspraakfarianten fan grut dy’t yn skreaune taal net werjûn wurde. As dat wol dien wurde soe, dan wie de ein derfan wei.
Jan Breimer