Utkommen by de Afûk: ‘Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse’

By útjouwerij Afûk is de Fryske oersetting ferskynd fan it mei de Sulveren Griffel 2024 bekroande berneboek Zebedeus en het ganzenbord van Wisse. De Fryske titel is Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse. It boek is skreaun troch Koos Meinderts, mei yllustraasjes fan Annette Fienieg, en oerset yn it Frysk troch Eppie Dam.

Op in dei kriget Sibbedeus de Bear in gânzeboerd tastjoerd, ôfkomstich fan in Wisse, dy’t him in goeie hân fan goaien winsket. Even letter stiet Sulver foar de doar, in sniewite gâns dy’t Sibbedeus freget om him te folgjen. It is de start fan in wûnderlik aventoer fan tafal en gelok, fan fallen en opstean. Mar wa is Wisse?

Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse is in lichtfuottich, mar ek filosofysk ferhaal oer it libben – in spul datst net winne kinst, mar ek net ferlieze. Do kinst it allinnich mar spylje.

Oersetter Eppie Dam: “Sibbedeus is in boek dat ik graach sels skreaun hie. Gelokkich mocht ik it oersette. Ik bin tige wiis mei dizze bear. En úteinlik ek mei Wisse.”

Boekgegevens Sibbedeus en it gânzeboerd fan Wisse
Auteur: Koos Meinderts | Oersetting: Eppie Dam | Yllustraasjes: Annette Fienieg | Utfiering: ynbûn | ISBN: 978 9493318588 | Ferkeappriis: € 14,95 | Leeftiid: 9+ | websjop.afuk.frl

Boarne ôfbylding: Afûk