Net ferkeard: Nachtmerje-eftich

Ynhâld fan de podcast: By de Fryske slam gie it der ferline wike hurd om wei; de emoasjes rûnen heech op. Yn in boekje út 1946 wurde de foardrachten fan dy tiid beskreaun as dreech, der wie neat oan. Mar gelokkich kaam der doe in foardrachteboekje dêr’t allinne efternammen yn brûkt wurde, is dat net […]

Net ferkeard: Fean, hoop en mankelikens

Gabrielle sit deroer yn oft se har fakânsje wol oerlibje sil en Arjans eilândream komt út. Yn dizze ôflevering steane Gabrielle en Arjan stil by hoefolle oft der dizze wiken bard is lykas it ferstjerren fan Hindirk Hannema – en ek by syn libben – mar ek by de ferskate optredens dy’t se hân hawwe. […]

Net ferkeard: Gitaren & Letterfretters

Wy wiene op it befrijingsfestival dêr’t Arjan nei hûs gie doe’t Gabrielle kaam, Gabrielle fûn Stoflik Omskot geweldich en we freegje ús ôf wêr’t de helikopter eins lânet. We ha it oer de muzykscene fan de ôfrûne tiid mei oa Esther de Jong, Willy Darktrousers, Drôvich, Kaspar en Electropop mei Sietse van Essen. We ha it […]

Yn de besnijing fan in hûndert jier âld gedicht

Oktober 2022. Ik en ús Iwan ha in pear dagen en nachten trochbrocht op de Folkshegeskoalle, as toeristen. Sa faak geane we der net op út; dizze trip nei Skylge is foar ús al bysûnder. Spitigernôch bin ik de hiele tiid smoarferkâlden. Dêr wie ik al benaud foar: op it stasjon fan Ljouwert wie de […]

Net ferkeard: Blowen en Leauwen

Gabrielle wie op poëzietour en Arjan belibbe gaos op ‘e nacht fan ‘e filosofy. Boppedat wie it op dy dei, 20 april, de dei fan de blower en Record Store Day, falt dat te kombinearjen? Arjan seach Esther de Jong optreden yn KingKong en Gabrielle seach Wiebe Kaspers yn de Mollema Music world. Gabrielle fynt […]

Wês net bang

Hjoed is it Fryske befrijingsdei. Yn de hal fan Beyers Naudé yn Ljouwert sammelje de earsteklassers har yn de hal by it oarlochsmonumint. In muorreskildering. Underoan de skildering fan in ingel dy’t in soldaat fuorttriuwt, steane de nammen fan fyftjin âld-learlingen dy’t ûnder de besetting omkommen binne. Op de skildering stiet ek in tekst, yn […]

Net ferkeard: Triennen en Drûge Woarst

Gabrielle en Arjan beprate de Drachtster poëzyscene mei poëzy fan Wieger Oepke Lindeboom, kafee Marktzicht en it skriuwersarkje. Gabrielle lêst foar út De Beesten fan Gijs Wilbrink en Arjan út List, Lust, Liefde van Sjieuwe Borger. Gabrielle hie EMDR en moast dêrtroch gûle yn it skriuwerskafee en Arjan hat soms argewaasje fan ymprovisaasje We wiene ek noch op […]

Moat it altyd oer poep gean?

“Moat it no altyd wer útdraaie op in poeppraatsje?”, reagearre âld-Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma op in resint Facebookberjocht. De freeds hie ik de stêd yn west en dêrnei hie ik der thús in stikje oer skreaun. Do makkest wat mei sa ûnderweis, mar yndied, it einige mei in observaasje fan in ferrassing op de […]

Instagram en stedsdichters

Ronald Wijnia te gast, hy wie hast stedsdichter, hoe is it dat er it net wurden is? Ek is Ronald in bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld. Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê ‘t ûnder oare Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne. Wy krigen post fan […]

Nije tune

We hawwe in nije tune, makke troch Wim Brons (of soe it AI wêze kinne?) Arjan fynt it foaropwurd fan de Ensafh in bytsje Apocalyptysk en wol dêrtroch graach rolskaatsen keapje. Gabrielle seach Dune 2 en gie nei Centerparcs en hierde dêr in e-bike en fûn yn de ynbringwinkel fan Frjentsjer in moai gedicht. Wy prate […]