Moasjes oer it Frysk oannommen yn ‘e Twadde Keamer

In grutte mearderheid yn de Twadde Keamer naam fan ’e wike in searje moasjes oer it Frysk oan. Dêr siet in moasje by om it Frysk by de rjochtbank better te regeljen, mar ek ien foar it wetlik regeljen fan in grutter Frysk media-oanbod, ek op it mêd fan drama. Mirjam Bikker fan de ChristenUnie […]

Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal

Alle jierren fiert de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Dei fan de Memmetaal. De dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferskaat en de meartaligens. Foar de UNESCO binne talen it ynstrumint om it kulturele erfgoed yn libben te hâlden. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwt de taalkundige en […]