Fryske oersetting Nasjonaal Boekewikegeskink Chabot

It Boekenweekgeschenk 2024 ferskynt ek wer yn it Frysk. De oersetting, mei de titel Gesinsferpakking, is makke troch Ytsje Steen. It tema fan de 89e nasjonale Boekewike is ‘Bij ons in de familie’ en dêrom is de famylje Chabot frege om it geskink te skriuwen. Bart en Sebastiaan Chabot oer de Fryske oersetting: “Wat wy práchtich […]

Meindert Talma skriuwt Frysk Kadoboek 2024

Meindert Talma (It Surhústerfean, 1968) skriuwt it Frysk Kadoboek 2024. Yn 1999 debutearre er mei de autobiografyske roman Dammen met ome Hajo, dy’t yn 2022 by útjouwerij Regaad yn it Frysk ferskynde. Twa jier nei syn debút brocht er tegearre mei Nyk de Vries in samling fraachpetearen út ûnder de titel De Blauwe Fedde yn […]