Fûle striid om lêste finaleplak yn African Open 2025

De twadde spyldei fan it African Open, it earste offisjele kampioenskip Frysk Damjen yn Afrika, hie in spektakulêre útsetter. Tiisdei waard yn de sechsde en lêste foaromloop al gau dúdlik, dat de betûfte spilers Aleksej Domchev, Jan van Dijk en Jean Marc Ndjofang har fersekere hiene fan in plak yn de Grandmasters Finals. Hja einigen […]

African Open 2025 Frysk Damjen

It African Open, it earste offisjele kampioenskip Frysk Damjen fan Afrika, is moandei úteinset. Dat kampioenskip wurdt spile op útnûging fan it Kameroeneesk dambûn. Kameroen is gasthear fan it WK ynternasjonaal damjen. Dêr dogge fjirtich spilers oan mei, mar mar tolve koene troch nei de finale. Spesjaal foar de oare 28, mar ek foar alle […]