Fantastysk nijs

Tjits hat in ôfspraak mei de útjouwer fan Afûk dy’t goed nijs hat. Afûk sil har nije boek útjaan. Takom jier sil Tjits op skoalletoer mei it nije boek, en de skoalbern fan gemeente Achtkarspelen krije it boek fergees. Hja is tige optein.

Bingo yn ’e tún

Yn it Foar alles in ferske-boek stiet in aardige bûtenbingo beskreaun. Dy hat Tjits mei de bern yn ’e teätertún dien. Tjits kin allinnich net sa goed tekenje, dus de bern freegje geregeld wat se no krekt sykje moatte.

Rûntsje oer de merk yn Ljouwert

De Ljouwerter merk is fan ’e wike delstrutsen op ’e Wurdumerdyk en Nijstêd. Dat yn ferbân mei City Proms. De minsken fine it sfearfol, de merkkeaplju fine it wat minder…

Nije terrastegels en trampoline

De nije terrastegels binne levere en ynkoarten sille de mannen se deryn lizze. Tjits kin net wachtsje. En der is in nije trampoline besteld. De âlde is oan ein.

Mei Bauke yn Albaneeske sfearen

De Fryske flogger wie mei Bauke mei nei de wedstriid Albanië-Kroaasje. Bauke wennet al hast fiif jir yn Albanië en hat in Albaneesk YouTube-kanaal: Rruga. It wie in moaie trip mei de freonlike Albaneeske fans.

Klean útsykje foar it doarpsfeest

Ynkoarten is it doarpsfeest. Tjits en de bern dogge mei oan ’e optocht mar der is ek in matinee dêr’t elkenien ferklaaid komt. Dit jier geane se as Toystory-personaazjes. Mar foar de feestwein makket Tjits mei beppe Klaasje spesjale outfits.

Dit is hoe’t wy swimme yn Ljouwert

Mei beppe Klaasje en de bern is Tjits yn de Blauwe Golf yn Ljouwert. Sy hawwe sa lekker swommen dat Yldau yn ’e auto nei hûs al yn ’e sliep falt. Middeis hawwe sy noch efkes mei Piter en Gurbe boarte.