Nije terrastegels en trampoline

De nije terrastegels binne levere en ynkoarten sille de mannen se deryn lizze. Tjits kin net wachtsje. En der is in nije trampoline besteld. De âlde is oan ein.

Klean útsykje foar it doarpsfeest

Ynkoarten is it doarpsfeest. Tjits en de bern dogge mei oan ’e optocht mar der is ek in matinee dêr’t elkenien ferklaaid komt. Dit jier geane se as Toystory-personaazjes. Mar foar de feestwein makket Tjits mei beppe Klaasje spesjale outfits.

Dit is hoe’t wy swimme yn Ljouwert

Mei beppe Klaasje en de bern is Tjits yn de Blauwe Golf yn Ljouwert. Sy hawwe sa lekker swommen dat Yldau yn ’e auto nei hûs al yn ’e sliep falt. Middeis hawwe sy noch efkes mei Piter en Gurbe boarte.

Wat bart der yn de Dixi?

It skûtsjesylseizoen is wer begûn. Tjits en de húshâlding binne nei Langwar, want dêr is de earste wedstriid. It waar siet gelokkich mei, want it hat amper reind.