Hoe âld oft ik bin …

Hjoed beäntwurdet Tjits tegearre mei Yara de tsien fragen dy’t de sjoggers harren steld ha. Bygelyks hoe âld oft se echt is en wat har favorite fakânsje is. Mar ek oer wat har favorite bist is.

Grutste Fries ea yn stripboek (Redbad)

Keunstner Skelte Braaksma hat in stripboek makke oer de Fryske kening Redbad en hy presintearret syn wurk yn de teatertún. En dat is bysûnder want in oantal jierren lyn is hjirre de musical oer Redbad makke. In soad fan de bylden út dy foarstelling binne werom te sjen yn dit stripboek.

Ik bin in tiidkabine

By har nije boek hat Tjits ek in ferske makke en se wurket oan de fideoklip dy’t fia in QR-koade ek yn it boek te finen is. Hjoed lit se jimme de earste ferzje hearre.

Fantastysk nijs

Tjits hat in ôfspraak mei de útjouwer fan Afûk dy’t goed nijs hat. Afûk sil har nije boek útjaan. Takom jier sil Tjits op skoalletoer mei it nije boek, en de skoalbern fan gemeente Achtkarspelen krije it boek fergees. Hja is tige optein.

Bingo yn ’e tún

Yn it Foar alles in ferske-boek stiet in aardige bûtenbingo beskreaun. Dy hat Tjits mei de bern yn ’e teätertún dien. Tjits kin allinnich net sa goed tekenje, dus de bern freegje geregeld wat se no krekt sykje moatte.