Hoe bliuwst 50 jier maten?

Se hawwe net deselde hobby’s, mar wol ynteresse yninoar en yn inoars hobby’s. Al fyftich jier binne Jaap en Cor freonen en binne se der foarinoar dêr’t dat nedich is. Hjoed pleatse se tegearre in stek yn ’e tún, want mei in jonge hûn is dat wol nedich.

Sietse streket it fytspaad

Tusken Dronryp en Frjentsjer treffe we Sietse Schapelhouman. Hy tekenet de wite linen foar dy’t op it fytspaad komme moatte.

It libben fan in skater

It kostet neat, bist nearne oan bûn en it biedt frijheid, sa fynt Thijs Bangma. Hy is syn feardichheden oan it trainen op ’e skatebaan yn Ljouwert. Net alles slagget, mar sûnder fallen komst nearne.