Toer de Boer Noardeast-Fryslân

Twirre hat as doel: in sûne Waadrâne foar moarn! Wy wolle mei-inoar de hannen út de mouwen stekke en de eigen libbensomjouwing sûner en moaier meitsje troch te wurkjen oan it bioferskaat yn de regio. Lykas mei dizze Toer de Boer! Fan maaie oant en mei septimber iepenje ferskillende melkfeehâlders en bouboeren de doarren om […]

Daamwanden yn de fiskmigraasjerivier

In foardoar foar fisken, dat is de laaidaam dy’t tagelyk de slûzen by Koarnwertersân al mear as njoggentich jier beskermet tsjin de krêft fan it wetter. Mar dy krijt der no in bysûndere funksje by. De daam wurdt ûnderdiel fan de Vismigratierivier en krijt twa ynswimiepeningen. Sa kinne fisken fanút de Waadsee de fiskmigraasjerivier en […]

Fuorderhagen yn Súdeast-Fryslân

By ELAN Súdeast-Fryslân wurdt fernaam dat mear en mear boeren belangstelling hawwe foar it oanplantsjen fan in fuorderhage. Eartiids waarden haagen en hagen brûkt as feekearing. Se hawwe in grutte lânskiplike wearde en drage sterk by oan it ferheegjen fan it bioferskaat. Benammen hagen hawwe in hege ekologyske wearde. Ek fanút koesûnens kinne hagen nijsgjirrich […]

Heit see-earn mist ‘befalling’

Sûnt koart wurdt troch It Fryske Gea wer in nij seizoen mei de aventoeren fan in yntusken ferneamd pearke see-earnen yn Nasjonaal Park de Alde Feanen streekrjocht útstjoerd. It is al de achtste maitiid dat it selde see-earnepear op dat plak besiket om in nij húshâldinkje op priemmen te setten. Fan hichtepunten wurde aparte ôfleveringen […]

It briedseizoen is begûn

Wy freegje jimme om krekt yn dizze tiid, de natuer mei respekt te behanneljen. It is nammentlik ek de tiid wêryn ‘t it lekkere waar al gau útnûget om de natuer yn te lûken. Mochtst te kuierjen en fytsen yn ús natuergebieten, hâld der dan rekken mei dat de natuer no tige kwetsber is en […]