Latte foar it Frysk moat omheech!

Sneontemiddei 29 juny wie it safier. De Ried fan de Fryske Beweging – sûnt koart ‘De Fryske Beweging’ –  hold yn debatsintrum De Bres yn Ljouwert syn earste ‘bewegingsdei’. Op Goeie.frl is dêr ferslach fan dien. Ik wol my beheine ta de nijsgjirrige bydrage fan it Steatekomitee Frysk op dy middei. Om mei it goede […]

Parys: fytsstêd

Yn Parys is in soad te belibjen. No ris net oer ‘les Jeux Olympiques de 2024’, de problemen fan it wetter yn de Seine, want der moat fan ’t simmer swommen wurden, ek net oer it Louvre of de Eiffeltoer, mar oer in pear oare aardige aspekten fan dy nijsgjirrige stêd. Ik kom al jierren […]

De harsens binne grut genôch

Der binne noch hieltyd âlden dy’t tinke dat it better is om de bern ien taal te learen. Dus dat wa’t yn Twinte, Limboarch of Fryslân wennet en thús wend is om Twintsk, Limboarchsk of Frysk te praten, de bern better yn it Nederlânsk grutbringe kinne soe. De mooglikheden en opslach fan ús harsens binne […]

Longerje nei it ferline

De tentoanstelling yn it Frysk Museum oer de skilders Christoffel en Kate Bisschop is noch te sjen oant en mei 7 july. Op 18 april waard de 100.000ste besiker ferwolkomme. Heech tiid foar in stikje. “Stoomtreinen giselje troch it lân, fotografen lizze de wrâld yn geweldige skerpte fêst en de stêden pûlje út fan ’e […]

It giet de goede kant út mei it Frysk

De Twadde Keamer wie nea earder sa posityf oer ús twadde rykstaal. De tiid dat guon fan betinken wiene dat it Frysk better ôfskaft wurde koe, liket foargoed foarby. Nederlân is meartalich. Elkenien dy’t yn ús lân omrint, heart neist it Nederlânsk in soad dialekten en talen lykas it Ingelsk, Turksk, Poalsk en ien of […]