Wiken fan de Admiraal Dokkum

De Admiraliteitsdagen Dokkum is in grut stedsfeest dat alle jierren yn ‘e earste helte fan septimber holden wurdt. De namme fan it barren ferwiist nei de Admiraliteit fan Fryslân, dy’t oarspronklik yn Dokkum fêstige wie. Yn 2024 binne der de Wiken fan de Admiraal. Foto: Admiraliteitdagen Dokkum. Besjoch de neifilm fan 2023.

Fiskerijdagen Harns

Harns pakt alle jierren ein augustus út mei de Fiskerijdagen. De besikers oan de stêd wurde fjouwer dagen lang traktearre op muzyk, sang, dûns, folkloare, keunst, gastronomy, merken, merke, kultuer en sportive aktiviteiten. En dat yn in dekôr fan goed seishûndert monuminten en in moderne fiskers – en hannelshaven. Foto: Visserijdagen/ Dorus Breidenbach. Besjoch in […]

Snitswike

De Snitswike is it grutste en gesellichste binnenwettersylevenemint fan Europa: de perfekte kombinaasje fan gesellichheid en sportiviteit. Of, sa ‘t se yn Snits sizze: “Oerdei om de eare, jûns foar de sfear.” Yn ’e rin fan de dei wurdt der fanatyk syld op de Snitser Mar, dêrnei is der gesellichheid op it eilân en yn […]

Peije Dei Drachten

Peije Dei is in strjitfestival yn it sintrum fan Drachten. Op ferskate plakken yn it sintrum steane muzikanten te spyljen en troch it sintrum fynst ferskate typkes dy ‘t it publyk fermeitsje en oansprekke.

Heamieldagen Boalsert

It heamiel (Hooimaal, NL) is in tradisjoneel miel dat bestiet út riis mei rezinen, boerejonges en brandewyn. Yn de binnenstêd fan Boalsert sieten de ynwenners fan Boalsert en omkriten oan lange tafels mei-inoar te genietsjen fan dit hearlike iten. Hjoed-de-dei binne de Heamieldagen it lêste folle wykein fan juny: fjouwer dagen fol mei kultuer, sport, […]

Nacht fan de Koemarkt It Hearrenfean

It grutste muzykevenemint fan Fryslân dat fergees tagonklik is. In fantastysk promskonsert op de Koemarkt yn It Hearrenfean wêrby ‘t pop, rock, klassyk en musical inoar moetsje. In unike kombinaasje makket dit evenemint al jierrenlang ta in daverjend sukses. Foto: Night of the Koemarkt-Facebook.

Agraryske Dagen Frjentsjer

Alle jierren wurde yn Frjentsjer de Agraryske Dagen hâlden. Oarspronklik in feest om de feemerk hinne dy ‘t op de tredde tongersdei fan septimber de boeren en harren famylje yn Frjentsjer byien brocht. De lêste jierren is der in grutte merke mei attraksjes foar jong en âld, in ôfwikseljend muzykprogramma mei grutte nammen en in […]