Skier wykein

23 maaie 2025 DE JOUWER – It wurdt in ritich wykein mei net in soad sinne, mar de temperatuer giet wol wer wat omheech. Sneon skynt de sinne earst sa út en troch, mar der kin ek in bui falle. Middeis rekket de loft hielendal berûn en set it op in reinen. De súdwestewyn is […]
De jas kin oan

21 maaie 2025 DE JOUWER – Nei in hiel lange rite mei drûch, sinnich en waarm waar, krije wy in pear kâldere dagen en it wurdt ek ritiger. Woansdeitenacht wikselje in berûne loft en opklearringen inoar ôf. De noardwestewyn is swak oant matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich en yn […]
Stadichoan oar waar

19 maaie 2025 DE JOUWER – It is al wiken sinnich, drûch en oan ‘e waarme kant, mar der sit dizze wike oar waar oan te kommen. It wurdt kâlder en der sil wer ris reinwetter falle. Moandeitenacht is it helder en op guon plakken kin damp ûntstean. By hast gjin wyn wurdt it 4 […]
Oanhâldend stabyl

16 maaie 2025 DE JOUWER – It bart net faak dat it waar yn ús lân salang stabyl is en amper feroaret. It wie freed oars mar in skrouske dei mei in berûne loft. Yn it wykein sjogge wy de sinne wer faker. Sneon skynt de sinne, nei alle gedachten, wer in hiel skoft, mar […]
Freed in tebekset

15 maaie 2025 DE JOUWER – It wie, op de measte plakken, alwer in strieljende maitiidsdei, mar wol mei in frisse wyn. Freed krije wy in tebekset, de loft is berûn. Tongersdeitenacht bliuwt it, nei alle gedachten, helder. De wyn komt út it noarden en is swak, mar by de noardlike kust lâns matich. Mei […]
Gjin feroaring

14 maaie 2025 DE JOUWER – It bliuwt drûch en sinnich, mar it is wol wat minder waarm. Woansdeitenacht is it, nei alle gedachten, helder. De wyn komt út it noardwesten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt in graad of 7. Tongersdei skynt de sinne wer […]
Bytsje minder strieljend

13 maaie 2025 DE JOUWER – Der liket mar gjin ein te kommen oan it sinnige, waarme en drûge waar. Der wurde nije rekôrs delset. Tiisdeitenacht bliuwt it drûch en by in swakke oant matige noardeastewyn wurdt it 8 graden. Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei, mar yn it Waadgebiet kin de […]
Waarm, drûch en sinnich

12 maaie 2025 DE JOUWER – Der is dizze blommemoanne yn De Bilt noch gjin drip reinwetter fallen en dat bliuwt foarearst ek sa. Moandeitenacht is it helder en by in matige eastewyn wurdt it 8 graden. Tiisdei skynt de sinne wer hast de hiele dei. De wyn komt út it easten en is matich. […]
Waarm wykein

9 maaie 2025 DE JOUWER – It wurdt in waarm wykein mei in hiel soad sinne. Op sneon kin it earst noch wat dampich wêze, mar dêrnei skynt de sinne hast de hiele dei. By in swakke oant matige easte- oant noardeastewyn leit de temperatuer tusken 17 en 20 graden. Snein feroaret der hast neat […]
Oanhâldend drûch

8 maaie 2025 DE JOUWER – Wy belibje foar de twadde kear dizze maitiid in hiel lange rite mei drûch waar en dat bliuwt foarearst ek noch sa. Tongersdeitenacht is it helder en by hast gjin wyn sil it mei 2 graden in kâlde nacht wurde. Freed skynt de sinne geregeld, mar letter op ‘e […]