Diel dit berjocht

4. It lêste boek, en no?

Dit is Testamint fan de siel. In podcast mei Hylke Speerstra (87), ien fan Fryslâns grutste skriuwers en ferhalefertellers. Testamint fan de siel is de titel fan syn alderlêste boek, mar it is ek wat dizze podcast is: in testamint fan Hylkes siel. Gewoanwei fertelt er de ferhalen fan oaren, mar no jout er himséls bleat.

Noch ien kear fertelt Hylke alles wat er Fryslân efterlitte wol. Wêrom kin er net oars as ferhalen fertelle? Hat er noed oer it Frysk? En wat leit der foar him, no’t er syn lêste boek skreaun hat? Yn Testamint fan de siel fertelt er it yn fjouwer ôfleveringen oan Martine van der Steege fan de Leeuwarder Courant.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter