Tsjerke

Wy sammelje alle wiken op dit plak de Frysktalige tsjerketsjinsten. Ek diele wy út en troch in oertinking út it boek Wekker bliuwe ! – in appèl foar elke dei fan ds. Doede Wiersma

Binne wy net romantysk?
Al mear as tweintich jier preekje ik de tredde snein fan septimber yn Uithuizermeden. De tsjerke dêr hat in bysûnder moaie toer. Yn in preek oer it Heechliet sei ik ris dat de fereale jonge de hals fan syn famke fergeliket mei de Davidstoer yn Jeruzalem (4:4). Ik ornearre dat in jonge yn Uithuizermeden wol dichtsje koe: “Dyn hals is as… ús tsjerketoer.” Doe’t in man en frou dy sneins út tsjerke wei efterinoar rûnen, op it paad nei de foardoar, frege sy: “Hoe fynst myn hals?” Doe sei er: “Wat? Hoesa. Wat bedoelst? Is dêr dan wat mei?”

Wy kinne sinteklaasgedichten meitsje fan komsa, wêrom net gedichten oer hoe moai oft wy inoar as man en frou fine?

Yn it Heechliet steane trije gedichten fan de jonge foar syn leafste: 4:1-5; 6:4-7; 7:2-6. It famke hat ien gedicht makke: 5:10-16. Om it moaie fan inoar te beneamen sykje se nei foarbylden út harren libben. Se stammerje der hast oer, sa fol binne se fan inoar!

De jonge betinkt:

“Dyn eagen binne as… dowen;
dyn hier as… in keppel geiten dy’t by de berch delweagje.
Dyn hals is as… de Davidstoer;
dyn beide boarsten binne as… twa lamkes” (4:1-5).

It famke seit yn har gedicht:

“Syn lokken binne swart as… de ravens.
Syn lippen leeljes dy’t drippe fan mirre,
Syn ferwulft is kleare swietichheid,
alles oan him is begearlik” (5:10-16).

Ik hoopje dat dy gedichten ús oanmoedigje om it ek ris te besykjen en dan mei bylden út ús eigen omjouwing…

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Frysktalige tsjerketsjinsten 21 july 2024

Snein 21 july 2024

It tsiende wurd: Is begeare de sûnde fan ús tiid?

Oertinking fan Doede Wiersma

Frysktalige tsjerketsjinsten 14 july 2024

Earetsjinsten yn ús eigen taal

It fjirde wurd: Op snein is de slaaf kening!

Oertinking fan Doede Wiersma