Diel dit berjocht

Binne dreamen bedroch?

Tweintich persint fan de tiid om te sliepen dreame minsken. It measte dêrfan rekket út it ûnthâld. Allinne as wy daliks nei in dream wekker wurde, kinne wy der wat fan neifertelle.
It kin yn dreamen frjemd om en ta gean! Sa besteane der ek beropsdreamen. In sjirurch fertelde my dat er faak dreamde dat er mar net oan it operearjen takaam. It ark dat er nedich hie, wie dan net te finen.
Sels dreamde ik faak dat ik net op ’e tiid op ’e preekstoel kaam. Dan koe ik de toga net oankrije, de knopen net fine, of ik bedarre yn frjemde gongen, op nuvere treppen, yn ’e ferwulften fan ’e tsjerke. It slagge my net om op ’e tiid út dat doalhôf te kommen.
Immen dy’t ûndersyk nei dreamen die, skreau: ‘Dreamen sizze wat oer ússels, oer ús konflikten, problemen, pinen, eangsten, langsten en mooglikheden. Wa’t net nei syn/har dreamen harket, lit brieven fan in bêste freon(dinne) tichtsitte.’

Joazef dreamde hiel wat ôf en krige dêrom de namme ‘master-dreamer’. Op in kear dreamde er dat er mei syn bruorren oan it skeavebinen wie. Hy fertelde harren dat yn dy dream syn skeaf oerein stie en de skeaven fan de bruorren in bûging foar sines makken. In skeaf sit fol nôt en dêr wurdt bôle fan bakt. Soe Joazef ‘iten’ foar syn bruorren wurde? Soene se ienris ôfhinklik fan him wurde? In dream kin minsken wize op harren taak yn it libben.

It is jierren letter. Der is hongersneed. In heit seit tsjin syn soannen: “Yn Egypte is nôt, helje it, dat wy net fan honger stjerre.” Doe giene dy soannen en yn Egypte bûgden se mei it gesicht nei de grûn foar immen dy’t se net koene (Genesis 42:1-6).
De bruorren hiene der alles oan dien om de dream gjin kâns te jaan. En dochs … oer frjemde wegen die bliken: dreamen binne gjin bedroch.
Wy dogge der goed oan om se, lykas Jakob, yn it ûnthâld te bewarjen (37:11).

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Yllustraasje: Lucas van Leyden: Joazef fertelt dyn dream (publyk domein)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter