As wysels of oaren om ús hinne yn in depresje reitsje, wat kin de noch sûne minske dan dwaan?
De ferlieding is grut om dy sike yn ’e steek te litten; dat swartgallige geëamel hinget minsken gau de kiel út.
De bêste help is lykwols om kontakt te hâlden, om in besite te bringen, in kaart, in blomke, in CD, in boek of oar kadoke.
En foaral om te harkjen nei hieltyd wer itselde negative ferhaal. Dêr moat men fansels net yn meigean! Mar as de sike in praatpeal hat, dan kin er al pratend syn eigen treast ûntdekke. Elk minske hat syn/har eigen treast.
Hiel ferkeard is it om goede ried te jaan of opmerkingen te meitsjen yn ’e trant fan: do hast noch safolle om bliid mei te wêzen. Ferkeard is it ek om in sabeare bliere toan oan te slaan.
Men docht better troch der te wêzen en wat te dwaan. Lytse karweikes, boadskippen helje, de lytse poppe fersoargje by in postnatale depresje.
Wichtich is ek om de neisten fan de sike te stypjen.
Minsken dy’t in depresje oerwûnen, belibben God yndirekt yn freonen dy’t trou wiene. Sels koene se net hoopje, mar dy freonen lieten blike: dit sil sa net bliuwe, dit giet foarby. Sels koene se net bidde, mar dy freonen holden it fol om foar de sike te bidden.
“As men foar ien bidt, stjoert men har of him wat fan jins eigen krêft,” skreau in Joadske frou yn ’e Twadde Wrâldoarloch.
Job woe dat syn freonen foar him opkamen en net foar God!
Doede Wiersma
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
Yllustraasje: Fra Bartolommeo (1472-1517), Job
Op de banderol stiet “Ipse erit salvator meus”. Oersetting: “Dit sil myn rêding wurde (Job 13:16).
It paniel fan Fra Bartolommeo is te sjen yn de Galleria dell’Accademia en komt oarspronklik út de Santissima Annunziatatsjerke, beide yn Florence.