Diel dit berjocht

Doede Wiersma: Ljocht, blinder!

Oertinking

Wy komme jûns let thús. It is neare nacht en wy sykje it kaaisgat. Wy dogge de doar iepen, taaste nei it ljochtknopke, stroffelje ûnderwilens oer skuon of klompen, drukke op it knopke, en dan, samar ynienen, is dêr ljocht.

Ik hearde minsken fertellen oer yn en nei de wrâldoarloch ’40-’45, doe’t der gjin ljocht wie. Doe moasten de lju har yn hûs en bûthús rêde mei it ljocht fan in kears, petroaljelampe of knypkat.
Sûnder ljocht libje is net bêst.

Yn de earste fersen fan ’e Bibel, wurdt ús de skepping beskreaun as gaos en tsjusternis. It earste wat God, neffens leauwige minsken die, wie: ljocht meitsje.
Hy sei: “Ljocht, blinder!” en doe kaam der ljocht.
De God út de tradysje fan joade- en kristendom is partidich. Hy kiest. Foar it ljocht. Yn Him wurdt dúdlik wat ljocht is en wat it net is.
Ienkear, yn Job 24:13, docht bliken dat ljocht in oare namme foar God is. Tagelyk lêze wy dêr dat minsken kieze kinne foar ljocht of tsjuster.
De dief, de moardner en dy’t in oar syn frou ynpikt, binne anty-ljocht. Se nimme yn it tsjuster har trekken waar.
Lit ús minsken wêze dy’t roppe: “Ljocht, blinder!”
Lykas Kristus Jezus, dy’t it Ljocht fan ’e wrâld is.

Lêze: Job 24:13-17

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

 

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter