Diel dit berjocht

Gûle om it ferlerne ik

Wenen om het verloren ik is de titel fan in boek oer rouferwurking. Hiel wat manlju en froulju dy’t de partner ferlern hiene, fertelden my dat it sa wie. Ommers, se wiene sa lang ‘tegearre’, wat is dan ien ‘allinne’! Men is in stik fan jinsels kwyt. En dêr kinne minsken it o sa dreech mei ha.
As Maria by it grêf fan Jezus komt, gûlt se. Se skriemt om it ferlerne ik. Troch de dea fan Jezus hat se alles ferlern. Hy hie har oan harsels werom jûn, har befrijd út in psychysk siik wêzen dat har folslein yn ’e macht hie (Lukas 8:2). Soe se no wer de proai wurde fan dy sân(!) lulke meunsters? Jezus dy’t alles – sân, dat is de totaliteit – foar har wurden wie, is ommers dea.
Is dat sa? Troch har triennen hinne sjocht se ljocht en yn dat ljocht ingels. Dy freegje: “Wêrom skrieme jo?” Wat is dat in moaie pastorale fraach! Se sizze net: Hâld no ris op te grinen, wês flink, kop op!
Wêrom skrieme jo! Dan komt it fertriet derút. En, sa is myn ûnderfining, as it fertriet utere is, dan komt der romte foar hoe’t it fierder moat. Maria draaide har om, seach immen stean, tocht dat it de túnman wie, mar hearde doe har namme: Maria. Hat Jezus har de earste kear sá weiroppen út dy slimme sykte, mei it neamen fan har namme?

Titiaan, Reitsje my net oan (1512)

Doe neamde Hy myn namme. Dy stim!
Ik seach Him oan. Dy eagen! Syn gesicht.
Hy stie dêr, dy’t ik socht. (…)
De freugde liet my dûzelje.
Ik stiek de hannen nei Him út.
Sa frjemd. Hy sei: “Reitsje My net oan.” (…)
Dy ôfstân wie der earder net.
As ik de hân útstiek, soe Hy der net mear wêze.

(Marijke de Bruijne,
‘Als de graankorrel sterft’)

Der is Ien dy’t jo en my sá by de namme ropt, dat it in ferskil makket fan libben en dea.

Lêze: Johannes 20:11-18

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter