Diel dit berjocht

It fjirde wurd: Op snein is de slaaf kening!

Op 5 maaie fiere wy de befrijing fan de Dútse besetting. Dy’t de oarloch meimakke hawwe, witte hoe geweldich oft it is om frij te wêzen.
Sa fiere wy alle sneinen de frijheid dy’t God ús gunt. De snein is alfêst de himel op ierde. In ‘teken’ fan hoe’t it libben bedoeld is.
Op snein is de slaaf kening en nimmen dy’t him stjoert of kommandearret. Neffens de Joadske skriuwer Kushner bringt de sabbat ús de keninklike weardichheid fan alle minsken yn ’t sin; it opheffen fan it ûnderskied tusken hear en feint, ryk en earm, sukses en mislearring.

Rêst is needsaak. Sân dagen wurkje, dat soe ’Egypte’ wêze, dan soene wy slaven fan it wurk wêze, dan wurkje wy oant we derby delfalle. De âldste teksten yn ’e Bibel wize op ’e needsaak fan rêst foar minske en dier dy’t bealige hawwe. “Seis dagen moatst dyn wurk dwaan, mar de sânde dei moatst rêste.

Dan kinne ek dyn okse en ezel útrêste en de soan fan dyn slavinne en de gastarbeider op azem komme” (Exodus 23:12). Us mienskip, mei safolle wurgens, oerspanning, stress en burn-out soe baat hawwe by in echte rêstdei. Om’t frijheid hieltiten op ’e nij bedrige wurdt, is besinning nedich. Wa libbet yn ûnfrijheid? Yn it grut moatte de Feriene Naasjes op harren iepenst wêze, mar yn it lyts kinne wysels wat dwaan, lykas brieven skriuwe foar Amnesty International.
It is sa fertrietlik dat in soad minsken noch in hekel oan ’e snein hawwe om’t se yn harren jonge jierren twongen binne om twa kear nei tsjerke ta en om’t se fan alles neat mochten. It is sa oars bedoeld.
In slagge snein bestiet út trije eleminten: de frijheid fiere, ta rêst komme en jin besinne.
Jezus sei: De snein is foar de minsken! En net oarsom.

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter