Diel dit berjocht

Jinsels meiskuorre litte

Fan it momint (sa om ende by 1962) ôf dat ik by Bonhoeffer lies dat kristen-wêzen is: “jin meiskuorre litte yn Messiaansk libben, sadat Jesaja 53 no wier wurdt,” haw ik my geregeld mei dat haadstik dwaande holden. Yn ferskate meditaasjes, learhuzen en preken fyn ik it wrakseljen oer fjirtich jier werom.
Doe’t ik yn de fut gie en ôfskied naam as ‘tsjinstdwaand’ tsjinner fan ’e tsjerke, haw ik twa dichters myn stúdzjemateriaal stjoerd en harren frege om in liet by Jesaja 53 te skriuwen.
Eppie Dam makke in liet yn it Hollânsk en Hindrik van der Meer soarge foar in bysûndere melody. Jacobus Knol makke in liet op ’e djippe toanen fan Psalm 22.
Yn de preek by it ôfskied brûkte ik û.o dizze wurden:

“Jesaja hâldt ús in profylskets foar fan Gods gemeente, libjend foar in oar. Wy meitsje ús dat profyl net ien, twa, trije eigen. Der komt, neffens Bonhoeffer, slepen en skuorren oan te pas: ‘Wy moatte ús meiskuorre litte, dat Jesaja 53 no foarm kriget’.”

Ik ha preekjen altyd belibbe as skreppe en skuorre om mysels en de gemeente mei te krijen yn de libbensstyl fan de rjochtfeardige. Ik dreamde fan in tsjerke dy’t fersetsbeweging wêze woe tsjin doemtinken, iensumens en egoïsme. In gemeente as suterige, griene sprút yn in wrâld dy’t faak sa ûnfruchtber is foar it goede (Jesaja 53:2).
Ik dreamde fan in tsjerke dy’t net in efterhoede-, mar in foarhoedegefjocht leverje soe tsjin machtsmisbrûk en oantaasting fan minsklike weardichheid. Foar sa’n tsjerke is der wurk, want yn ús wrâld slaan materialisme, egoïsme, habsucht en selssucht foar master op.
Wy wurde útdage om ‘Messiaanske’ minsken te wurden, dy’t har belangeleas opofferje, sadat oaren libje kinne. Der wêze foar oaren sûnder op winst út te wêzen.
Rjochtfeardigen foarmje it mannichfâldige hert fan ’e wrâld. Mar om it te wurden is in hiel ‘geskuor’.

Lêze: Liet 272 / Gesang 324

Foto: Man fan smerten fan Geertgen tot Sint Jans

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter