As dominy makket men it geregeld mei dat minsken komme te ferstjerren. Der binne manlju en froulju by dy’t yn ’e krêft fan it libben steane. Inkeld komt it ek foar dat lytse bern of jongelju omkomme troch in slimme sykte of in ûngelok. Hokker gefolgen oft de dea fan jonge minsken hat, is amper yn te tinken.
Omdat ‘treast’ pas nei lange tiid, soms nei jierren, komt, hat in dominy de earste dagen en wiken nei sa’n ferstjerren in machteleas gefoel. Dan tocht ik gauris: Koe immen of koe iksels no mar, wat Jezus mei Lazarus die. Withoelûd de namme roppe en balte: “Kom derút! Ut dy dea, út dy kiste, út dat grêf!” Men soe sa graach wolle dat dy neisten harren ûnmisbere man/frou/bern weromkrigen. Ik haw it nea meimakke en ek nea heard dat it earne bard is.
Mar hat it ferhaal oer Lazarus dan noch in boadskip?
Wêr belibje de stjerrende en dy’t him/har it neist binne yn dat Jezus libben en opstanning is?
Is dat as immen dy’t stjerre moat, al wrakseljend klearkomt mei syn/har dea? As er mei syn neisten dêroer prate kin? As it besef groeit dat der libben is foarby de dea?
Is it ‘opstanning’ as er beslút om syn organen beskikber te stellen? Is it as de medyske wrâld noch fûler sykten foarkomme en bestride wol?
Is it ‘libben’ as neibesteanden – soms nei lange tiid – in wankel lykwicht fine, as der neist it gûlen ek wer ris lake wurde kin?
Is it ‘libben’ as de roudragende oprjocht meilibjen ûnderfynt?
It is as ús op ûnferwachte mominten de wurden fan Jezus yn ’t sin komme: “Ik bin de opstanning en it libben, dy’t yn My leaut sil libje, ek al is er stoarn!”
“Twee woorden deden mij ontkomen aan het slop:
Sta op!”
(Geert Boogaard)
Doede Wiersma
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
Yllustraasje: Vincent van Gogh, ‘It opwekjen fan Lazarus’