Wy learden op ’e basisskoalle alle wiken in psalmferske. Yn Ald-Israel learden de bern ‘spreuken’. Ik ha my der faak oer ferwûndere dat op skoalle en yn tsjerke sa’n bytsje mei it boek Spreuken dien wurdt. Yn gjin inkelde bernebibel komme se foar.
Wat is de eftergrûn fan Spreuken?
Op in plak, sa grut as by ús in boerehiem, wennen sa’n tweintich, fiifentweintich húshâldingen. In húshâlding bestie út trije generaasjes: Pake en beppe, in soan en syn frou, en de bern. Om dy delsetting hinne wie in muorre mei dêr meastal ien poarte yn; Jeruzalim hie fjouwer poarten.
By dy poarte sieten de wize âldsten. Hja foarmen in kombinaasje fan gemeenteried en rjochtbank. It wie harren taak om de frede (sjaloom) te befoarderjen. Se wiene de garânsje dat alle leden yn ’e mienskip ta syn/har rjocht kamen.
Bûten de stêd hiene alle húshâldingen in stik boulân. As de middelste generaasje dêrhinne gie, rôpen de âldsten harren nei: “De Heare hoedet dyn gean en dyn kommen” (Psalm121:8). Sa lei it fuortgean en it thúskommen ûnder de segen fan God.
As in boer(esoan) him fersliept hie, dan rôpen se: “Noch efkes sliepe, noch efkes slomje …” en de oansprutsene wist hoe’t it fierder gie: “… en de earmoede oerfalt dy” (Spreuken 24:33, 34).
Prottele ien fan de paken oer syn frou dy’t him ûnder de kwint hie, dan rôp ien fan ’e oaren: “It is better te wenjen op ’e hoeke fan it dak, as mei in fekke fan in frou yn itselde hûs” (25:24). Rôpen grutte jonges in famke nei: “Hee, lekker ding!”, dan sei ien fan ’e âldsten: “In gouden ring yn in bargesnút, dat is in kreaze frou sûnder ferstân” (11:22).
De bern dy’t op it plein foar de poarte boarten, learden sa boartsjendewei sokke libbenswiisheden. Sa wie de poarte de ‘basisskoalle’. En om’t elke skriuwer yn it Earste Testamint op dy ‘skoalle’ west hie, is Spreuken in ferklearjend wurdboek by de Bibel.
Doede Wiersma
Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.
Foto: De Liuwepoarte (Jeruzalem). Boarne Wikimedia Commons, CC BY-SA 3.0