Diel dit berjocht

Tsjerke-oarder

Fan 1992 oant 1995 haw ik geregeld en mei ynmoed frege om feroaringen yn de tsjerke-oarder foar de nije tsjerke dy’t ûntstean soe út it Samen-op-Wegproses. Myn krityk, dêr’t de PKV-Fryslân efter stie, wie dat dy oarder net Bibelsk genôch wie, gjin rjocht die oan de ferwurvenheden fan gemeente-opbou, en yn taal fier ôf stie fan de moderne minske.

It wie foar my persoanlik in rike tiid, benammen troch de stúdzje fan de tsjerkeskiednis fan 1900 ôf. As hichtepunt dêryn belibbe ik dat rjochtingen yn ’e Herfoarme tsjerke inoar yn de oarlochsjierren fûnen. Foaroanmannen as dr. Gravemeijer (konfessioneel), dr. Kraemer (midden-ortodoks) en dr. Banning (frijsinnich) krigen, as finzenen fan ’e Dútsers yn Sint-Michielsgestel, wurdearring foarinoar. Nei de oarloch giene se as ‘trijemanskip’ it lân troch as ferdigeners fan gemeente-opbou. Yn dy aksje krige net langer de rjochting prioriteit, mar de gemeente fan Kristus.
De segen fan gemeente-opbou haw ik yn al ‘myn’ gemeenten ûnderfûn, want dy wiene ûntstien út it ienwurden fan rjocht- en frijsinnich. Wat in segen wie it doe’t dy ferlamjende ynfloed fan de rjochtingestriid fuort wie!

Immen hat ris sein dat de âldste tsjerke-oarder 1 Korintiërs 11 oant en mei 14 is. De geast fan dy oarder is 1 Korintiërs 13. It liet oer de leafde dat wy dêr fine, moat it gemeentewêzen besielje.
As dat sa is, dan wurdt der net egoïstysk nachtmiel fierd (1 Korintiërs 11:21), dan hat elke leauwige in jefte fan de Geast ta nut fan oaren (12:7), dan is de gemeente in lichem fan Kristus (22:27), en dan is alles rjochte op ien doel: de opbou fan de gemeente (14:26).

Kristen wêze betsjut alderearst: oan gemeente-opbou dwaan. It is sa spitich dat de nije tsjerk-oarder dêr te min ta oantrunet!

Lêze: 1 Korintiërs 14:26, 33 en 40

It skilderij op de thússide is It lêste nachtmiel fan Domenico Ghirlandaio (1449–1494) by 1 Korintiërs 11:21.

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter