Diel dit berjocht

Wat fan ’e snein meitsje

In soad âldere minsken hawwe oantinkens oan freeslike sneinen. Der mocht neat: net fytse, net sporte, net mei de hobby dwaande wêze. En twa kear nei tsjerke ta. En sa ûntstie in wjersin by in hiel soad bern tsjin de tsjerke en de snein.
Mar misbrûk moat ús net blyn meitsje foar it goed brûken.
By Joaden rint de Sabbat fan sinneûndergong op freed oant deselde tiid op sneon. Op freed begjint it mei it wolkom hjitten fan de Sabbat, dy’t sjoen wurdt as in keninginne dy’t alle freden op besite komt. Mem stekt de Sabbatskearsen oan en sprekt de lofprizing út. Heit seiniget de bern wylst er harren de hân opleit. It iten begjint mei it gebed by de beker wyn en it tankjen foar it iten.
Der is in teory dat der net folle alkoholisme foarkomt ûnder de Joaden, om’t se fan jongs ôf wyn yn ferbân bringe mei hillichheid en net mei genot.

In mem fertelde my ris dat se sneintemoarns de tafel feestlik klearmakke mei blommen, kearsen en it moaiste bestek. Se skeakele de bern, sa lyts as se wiene, dêrby yn. Se soarge derfoar dat der lekkere broadsjes wiene. Sa learden dy bern dat de snein in feest is. Nei sok brea-iten giet it makliker mei-inoar nei tsjerke.
As it dêr dan ek mar wat feestlik en foar de bern begryplik om en ta giet.

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter