Diel dit berjocht

Yn immens geast hannelje

Wy ha it wol ris oer: de geast fan in wet, de geast fan ’e tiid, de geast fan in folk. Wy witte wat geastkrêft is en wat geastdeadzjend wurk is. Wy hannelje ‘in tegenwoordigheid van geest’, dat wol sizze: wisberet. Utdrukkingen as de geast krije, it goed foar de geast ha, en yn immens geast hannelje, komme ús bekend foar.

Pinkster is: yn ’e Geast fan God, fan Jezus hannelje. Mei Pinkster beriede wy ús op kristlike idealen. Wy ferwachtsje dat de Geast ús dêrfoar ‘spirit’ jout. ‘Spirit’, dat wurd hearre wy yn it âlde gebed: ‘Veni Creator Spiritus’ – Kom, Skepper, Geast. ‘Spirit’ stiet by ús foar krêft, kriich, ynspiraasje, besieling. Dat alles krije wy as de Geast útstoart wurdt. Utstoart, dat is net mar in storeintsje, mar in stjalprein!

Yn Hannelingen 2 wurdt by it kommen fan de Geast praat oer wyn en fjoer. By ‘wyn’ tink ik oan: de wyn yn ’e rêch krije (en dan is elkenien in hurdrider!) By ‘fjoer’ tink ik oan: yn fjoer en flam reitsje en oan: de fonk dy’t oerspringt.
As dy wyn waait en dat fjoer brânt, dan bliuwt dat net sûnder gefolgen. Dan komme der aloan mear minsken dy’t yn ’e Geast fan Jezus libje wolle. Dat hâldt konkreet yn: stúdzje meitsje fan it leauwen, it belibjen fan mienskip mei de leauwigen, it fieren fan nachtmiel en diakony, en bidde om ús stimme te litten as in ynstrumint, dat God dêrop spylje kin.
Trou wêze (‘volharden’ stiet yn de Hollânske oersetting) is wichtich. Trou is net sa’n wurd dat by minsken heart, en minsken binne gjin trochsetters! Foar de fernijing fan ’e skepping hat God ferlet fan trouwe gemeenten en trouwe gemeenteleden. Dêrom is der fan nimmen mear ferlet as fan de Geast. En dus bidde wy:

“Skyn mei jo ljocht yn ús ferstân,
set mei jo leafde ús hert yn brân.
Wy binne swak, o Hear, fernij
ús lytse krêft en stean ús by” (Gesang 237:4, Lieteboek foar de tsjerken).

Lêze: Hannelingen 2: 41-47

Doede Wiersma

Mei tastimming oernommen út Wekker bliuwe, útjûn by de KFFB.

Yllustraasje: De komst fan de hillige Geast (Giotta 1267–1337)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter