Ealsumerpoartebrêge yn Dokkum kriget histoarysk uterlik

De Ealsumerpoartebrêge yn Dokkum wurdt renovearre en kriget dêrmei in histoarysk karakter, passend by de binnenstêd fan Dokkum en oanslutend by it beskerme stedsgesicht. Ein takomme jier wurdt mei de realisaasje fan de brêge úteinset.

Yllustraasje: Royal Haskoning DHV

Yn july fan dit jier hat de gemeente opdracht jûn om de Ealsumerpoartebrêge op te wurdearjen. De noardlike stedsyntree fertsjinnet neffens de gemeente en de wurkgroep binnenstêd in histoarysk karakter, passend by de monuminten yn de binnenstêd.

It ûntwerp is fia ûntwerpateliers makke. Dêryn wurken de arsjitekten fan buro Royal Haskoning DHV, buro Adema Architecten en de gemeente oan de tekeningen fan de nije brêge. Besjoen is hoe’t de brêge der yn it ferline útseach en dêr is ynspiraasje úthelle foar it ûntwerp. De trije mitsele bôgen yn ’e brêge mei de klassike lantearnepeallen der boppe-op dogge neffens de ûntwerpers rjocht oan de binnenstêd fan Dokkum.

Nettsjinsteande dat de brêge ferhege wurdt nei twa meter, is der gjin ekstra romtebeslach nedich om de helling foar alle brûkers optimaal te krijen. Yn july fan dit jier toande in proef oan dat de helling gjin obstakel foar foarmet foar alle soarten fan brûkers. Der komme ek twa brede stripen oan wjerskanten fan it weidek, sadat fuotgongers ekstra romte krije. As alles meisit, sette de wurksumheden ein takomme jier útein. As earste wurdt in needbrêge pleatst. Dy soarget derfoar dat alle ferkear de binnenstêd yn en út komme kin yn de tiid dat de Ealsumerpoartebrêge boud wurdt. Nei alle gedachten duorret de bou njoggen moanne.

De ferheging fan de brêge draacht by oan de wettersportbelibbing yn en om Dokkum; de noardlike stedsgrêften wurde ûntsletten. It projekt is ûnderdiel fan programma Súd Ie. Provinsje Fryslân en it Waadfûns drage deroan by. Wethâlder Pieter Braaksma fan gemeente Noardeast-Fryslân is bliid mei it ûntwerp: “De nije brêge set in plus op Dokkum, foar ynwenners, besikers en ûndernimmers. It fersterket it histoaryske karakter dêr’t wy sa grutsk op wêze meie. En it draacht by oan ’e fyzje: Dokkum giet foar de 9!”

Yllustraasje thússide: Royal Haskoning DHV

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter