Grut gearwurkingsprojekt oer kening Redbad

It Europeeske subsydzjeprogramma Interreg VI makket twa miljoen euro frij foar de realisaasje fan it útstallingsprojekt Redbad. De midsiuwske Fryske kening Redbad stiet yn 2026 sintraal yn grutskalige útstallingen yn Ljouwert en Emden (East-Fryslân), edukaasjeprogramma’s yn Nederlân en Dútslân, in wittenskiplike publikaasje, in publyksboek en in kompjûterspul, basearre op de histoaryske werklikheid fan sânde-iuwsk Frisia.

Grutte fibula fan Winaam, te sjen yn it Frysk Museum (foto: Frysk Museum)

Kofinansiering fan it projekt Redbad wurdt dien troch de provinsjes Fryslân en Grinslân en de Dútske noardlike regio (Niedersächsische Ministerium für Bundes- und Europaangelegenheiten und Regionale Entwicklung). Mar leafst njoggen organisaasjes út Nederlân en Dútslân – ûnder mear skoallen en musea, mar ek Ryksuniversiteit Grins, stifting Mythemakers en de Fryske Akademy – wurkje gear oan de ferskate partnerprogramma’s. It Frysk Museum is inisjatyfnimmer en pinfierder.

Noard-Nederlân en Noardwest-Dútslân diele in rike skiednis. It dielde kulturele erfgoed is net allinnich sichtber yn it lânskip, mar ek yn monuminten en musea. It Frysk Museum stribbet nei ferdjipping fan de kulturele bannen tusken beide gebieten. Nei in eardere suksesfolle lytsskalige gearwurking mei de Ostfriesische Landschaft en it Ostfriesisches Landesmuseum Emden, makket de takenning fan de Interreg-subsydzje it mooglik op dy flink út te bouwen. De nije útstalling oer kening Redbad, dy’t yn 2026 yn it Frysk Museum en yn 2027 yn Emden te sjen wêze sil, bout fierder op de eardere útstallingen Wy Wytsingers (2019) en Frijheid, Fjochterij, Fagefjoer (2022).

Ofbylding thússide: Portret kening Redbad, te sjen yn it Frysk Museum (boarne: Frysk Museum)

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter