Nije roman fan Gabrielle Terpstra ferskynt yn Ljouwert

Nei har debút as dichter mei Tsjintwurdich is alles better yn 2024 set Gabrielle Terpstra in folgjende stap yn har skriuwerskip. De podcastmakker en auteur, ûnder mear bekend fan Gabrielle en Arjan bedoele it net ferkeard en de kollums op Goeie.frl, komt no mei har earste roman: Geller. It boek ferskynt by Utjouwerij De Ryp.

Terpstra hat in ynkringende persoanlike skiednis dy’t gauris trochklinkt yn har kreative wurk. Har libben waard tekene troch ferslavingen yn har famylje, en al jong waard se sels ek mei dy wrakseling konfrontearre. Yn har profyl op de webside fan Tresoar lit Terpstra witte dat se graach oait nochris in boek skriuwe wol oer dy ûnderfiningen. Oft Geller dat ferhaal fertelt, kinne lêzers by de offisjele presintaasje sels ûntdekke.

Boeklansearring

Op moandei 10 novimber is de boeklansearring yn Keunstnerspark Asgaard (Kealledykje 87, Ljouwert). De jûn wurdt presintearre troch Dichter fan Fryslân Arjan Hut, mei wa’t Terpstra ek har podcast makket. Te gast binne ûnder oaren Gysbert Japicxpriiswinner Elmar Kuiper, dy’t in koart ferhaal foarlêze sil, en útjouwer Hille Faber, dy’t mear fertelt oer it ûntstean fan Geller. De roman kriget no al priizgjende wurden mei. Auteur Anne-Goaitske Breteler neamt it “in rau, kwetsber en moedich ferhaal dat ûnder de hûd krûpt”, wylst skriuwer Sipke de Schiffart it hat oer “in coming-of-ageroman dy’t yndruk makket, mei drûge humor en prachtige observaasjes.”

Yn it koart

📅 Moandei 10 novimber
🕢 19.30 oere (ynrin fan 19.00 ôf)
📍 Asgaard Ljouwert
De jûn wurdt presintearre troch Arjan Hut, dy’t sawol Gabrielle sels as Hille Faber, fan útjouwerij De Ryp, oer it boek ynterviewt. Elmar Kuiper draacht in koart ferhaal út eigen wurk foar. Gabrielle lêst ek in fragmint út Geller. Nei ôfrin is der tiid om it boek te keapjen en wat te drinken, te snacken (mar dat kin op elk tydstip fansels!) en it boek sinjearje te litten. Wa’t benijd nei Geller en syn skriuwster wurden is, is fan herte wolkom by de presintaasje.

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter