Diel dit berjocht

Ein oan waarmte

DE JOUWER – It waarme waar hat net lang duorre, want fan tongersdei ôf feroaret it waar. It kuollet ôf en it simmerwaar komt foarearst ek net wer werom.

Woansdeitenacht is it helder en by hast gjin wyn wurdt it mei 17 graden in waarme nacht.

Tongersdei skynt de sinne earst noch flink, mar geandewei nimt de kâns op in berûne loft ta. Yn ‘e moarntiid stiet der net in soad wyn. Middeis is de wyn matich en komt út it westen. Mei 22 oant 26 graden sil it noch in waarme simmerdei wurde.

Fan freed ôf helje wy de 25 graden net mear.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter