Fan winterjas nei koarte broek

25 novimber 2024

DE JOUWER – Koe sneon de winterjas noch oan, snein hie in koarte broek hast kinnen. It bliuwt noch in pear dagen oan ‘e mylde kant.

Moandeitenacht soe der by de kust lâns in bui falle kinne, mar it bliuwt op de measte plakken drûch. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt 7 graden.

Tiisdei wikselje wat sinne en in berûne loft inoar ôf en der kin op guon plakken in bui falle. De wyn komt út súdwesten en is matich, mar by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. It wurdt in graad of 8.

Woansdei liket in strieminne dei te wurden.

Jan Brinksma

Reagearje

Dyn e-mailadres wurdt net publisearre. Ferplichte fjilden binne markearre mei *

Lit in reaksje efter